Tsjinst op 2 desimber 2012 op De Jouwer
1. Tarissing
Ien kears, de earste Advint,
foar ús allegearre in bekende snein,
al safolle kear belibbe,
mar dochs hooplik fol ferwachting
nei wat komme sil.Soe it net frjemd wêze as dit de lêste
Advintswiken foar de wrâld wurde soene?
Bekend of frjemd,
ús help is yn de namme fan God de Heit,
de Skepper fan himel en ierde,
dy’t Jezus de Soan yn de midden fan de tiid
roppen hat
en dy’t weet hat fan de alderlêste tiden.
Amen
Vincent van Gogh
2. Sjonge
Tuskentiden liet 5: 1, 2 en 3
3. Gebed
Us Heit yn de himel,
der is in kears oanstutsen as teken fan ferwachting,
want wy jouwe it yn dizze krisistiid net oer,
om’t Jo ljocht yn it tsjuster jouwe.
Dochs binne wy net gerêst op it ferrin fan dizze tiid.
Dêrom bidde wy foar alle minsken, ek yn ús midden,
dy’t der noch mar amper komme kinne fan har ynkommen.
Wy bidde foar memmen dy’t mei har bern allinnich steane
en foar heiten dy’t de bern misse,
mar ek oarsom.
Wy bidde foar de wurkleazen en dy’t yn noed sitte
oer har baan en foar minsken yn de bystân
dy’t wer graach oan de slach wolle.
Wy bidde foar de siken sûnder útsicht op sûnens,
dy’t oansjen moatte dat se nea wer yn de maatskippij
fan wurk en salaris weromkomme sille.
Wy bidde foar de minsken oan de ein fan har libben,
dêr’t de lea of de geast it fan ôfwitte lit.
Wy bidde foar de jeugd, mar ek foar de folwoeksenen
dy’t op skoalle of op har wurk sa narre wurde
dat se har oantaast fiele yn har persoanlikheid.
Wy freegje oan de ein fan ús gebed foar in iepen geast
foar bekende en frjemde dingen om sa wach te wêzen
op de tekens fan de tiid.
Amen
4. Sjonge
Tuskentiden liet 5: 4 en 5
5. Ynlieding
Frjemd en bekend, it tema fan dizze tsjinst.
Net dat der hjoed frjemde dingen barre sille op De Jouwer of yn dizze Fermanje, mar men kin nea witte.
Lit ús earlik wêze, wy hâlde it leafst fêst oan it bekende, sneins ús eigen plak yn dit gebou.
Fine wy it noch wol frjemd dat de orkaan Sandy in moanne lyn oer it easten fan Amearika raasde en sels Wallstreet, it finansjele sintrum fan de wrâld, lamlei? In teken oan de muorre?
Of reitsje wy sa njonkelytsen wend oan orkanen? Komme se ús bekend foar?
Fine wy it noch wol frjemd dat yn Syrië in striid levere wurdt op libben en dea en dat ek bern, de takomst fan de wrâld, omkomme?
Of reitsje wy sa njonkelytsen wend oan de bylden fan ekstreem geweld en eksekúsjes? O ja, it komt ús allegearre bekend foar, want wy ha itselde sjoen yn Egypte en Libië.
Fine wy it noch wol frjemd dat, om tichterby hûs te bliuwen, in jonge frou fjouwer lytse poppen, de takomst fan de wrâld, it ljocht yn de eagen foargoed ûntnimt? Of komt it ús al bekend foar as wy lêze dat soks ek bart yn oare lannen?
Frjemd en bekend, dat is it tema fan dizze tsjinst.
It is net de bedoeling dat it frjemde yn dizze tsjinst by ús eangst opropt, want eangst soe de ferwachting fan de Earste Advint delslaan, lykas in orkaan, it geweld en de dea de takomst fertsjusterje.
It is ek net de bedoeling dat it bekende sa bekend is dat it ús neat mear docht. Earste Advint,
o ja, fjouwer sneinen foar kryst, ien kears, wis in goede gewoante, net dat wy it misse woene, hear, mei ‘It daget yn it easten’, in moai liet… mar daget it wier wol?
Foto: Brechje de Koning
En 21 desimber 2012 dan? Noch njoggentjin dagen…
De Maya’s, it oerâlde folk yn Midden-Amearika, ha yn it skiere ferline in kalinder makke
dy’t ophâldt op 21 desimber 2012… de ein fan de wrâld?
Wy soene net bang wurde, no?
Wat seit de profeet Sacharja derfan?
En wat seit Jezus?
Wy sille it daliks hearre.
Lit ús der earst fan sjonge, oer de nacht, de stjerren en it lemieren yn de moarntiid.
6. Sjonge
Liet 119: 1, 2 en 5
7. Lêze
Sacharja 14, 4-9
Pier Matteod Amelia
detail
8. Sjonge
Liet fan wat komt: 1 en 2
Wize: Liet 392 út it Lieteboek foar de tsjerken
Gjinien wit krekt wat der noch komme sil,
as stoarmen beare, wurdt de minske stil,
syn hertslach jaget by in ierdske skok,
de rampen reitsje oan syn rêst en lok.
Wat seit him dan noch wittenskip of keunst,
hy keart syn ear nei ’t wurd fan de profeet:
Sacharja, sis ús wurdt it flok of geunst,
jout God de minske oer oan noed en need?
9. Ferkundiging 1
It liicht der net om as de profeet Sacharja it oer ‘dy deis’ hat. Watfoar dei? De dei fan de frjemde dingen, it folslein ûnbekende.
Wa wie Sacharja? Hy libbe yn de tiid dat de joadske ballingen weromkamen út it twastreamegebiet, de lannen yn de omkriten fan de Eufraat en de Tigris. Yn dat gea moat it paradys lein ha. Dat like der yn de ballingskip hielendal net op, want ast balling bist, fielst dy net thús yn it frjemde lân. Dat lân is dan gjin hôf fan Eden.
Mar doe’t de ballingen weromkamen yn it lân fan belofte, dat se har foarsteld hiene as in soarte fan hôf fan Eden, rûn it út op in grutte teloarstelling. It lân streamde net oer fan molke en huning, want it gea wie ferwyldere, Jeruzalem eage noch as ien grutte ruïne en de timpel lei nei in heale ieu noch altyd yn pún. It beloofde lân, dat troch de âlde ferhalen foar de Joaden bekend wêze moast, kaam op harren frjemd oer.
Dan wurdt it tiid dat der in profeet oerein komt. Wa oars as Sacharja? Hy komt út it laach fan prysters, bekend mei de timpeltsjinst, en is dus net de earste bêste. Hy wurdt roppen om it teloarstelde folk moed yn te sprekken.
Is it dan net frjemd dat er in byld brûkt dat eangst opropt? Dy deis, de dei fan de frjemde dingen, komt God nei ûnderen en stiet mei beide fuotten op ‘e grûn. Wis, God wit wat op ierde plakfynt, it is gjin swevende god (mei in lytse letter), mar hy stiet mei beide fuotten op ‘e… Oliveberch. Sawat net te leauwen! De berch mei dy prachtige beammen, dy’t de gloede fan de sinne tsjinhâlde en in noflik skaad jouwe. God is bekend mei de twaspjalt op ierde (Kaïn en Abel, Izaäk en Ismaël, Ezau en Jakob, Joazef en syn broers en gean samar troch). De Ivige dy’t nei it tydlike delkommen is, ferbyldet dy twaspjalt mei’t er de Oliveberch spjalte lit. Troch dat byld ropt Hy by wize fan sprekken: ‘Sa’t de Oliveberch midstwa brekt, sa is it libben fan it minskdom: twaspjalt, rúzje, geweld, oarloch. Mar der is in útwei, want sjedêr de delling dy’t Ik foar myn folk makke ha. Meitsje dat jim fuortkomme troch dy delling tusken myn bergen.’
Myn bergen? Binne de bergen dy’t út it spjalten fan de Oliveberch fuortkommen binne, noch fan de Ivige? Wis, God bliuwt trou oan de ierde en sil syn bergen, dêr’t er de fuotten op hat, yn de eintiid wer ta ien meitsje, ta it hôf fan Eden.
De eintiid? Ja, want de profeet Sacharja kriget dy al foar eagen. It sil yn it hôf fan Eden altyd dei wêze. Middenyn dat hôf leit it nije Jeruzalem. En sjoch no ris wat der bart. Net it sâlte wetter fan de see wâlet mei orkaankrêft oer it lân, mar út Jeruzalem wei streamt farsk wetter, teken fan libben, nei de see yn it westen en de see yn it easten.
En de timpel dan, dy púnheap nei de ballingskip? Is it net it toppunt en it grûnpunt fan godlikens dat de timpel by de minske sels is, sis mar yn de minske. Yn dat hillichdom, it djipste en heechste inerlik fan de minske, sil God ferskine. Dan wurde de twa dielen fan de Oliveberch wer ien, binne God en it minskdom, himel en ierde yn harmony.
10. Sjonge
Liet fan wat komt: 3 en 4
Wit dat God komt, de fuotten op ‘e grûn,
dy’t spjalte wat earst noch syn fruchten joech,
sa wurdt it folk in lege flechtwei jûn
de hichte yn, fan skrik de mûle droech.
Mar streame sil it wetter nei de see,
nei east en west fynt it syn fêste wei,
drink dan it heil en wês foar ’t Godsryk ree,
gjin nacht sil driigje, it bliuwt altyd dei.
11. Lêze
Lukas 21, 25-31
12. Sjonge
Liet fan wat komt: 5 en 6
De wiksel bleau, de dei loek nei de nacht,
dus kearde ’t folk it ear nei de profeet:
Sis, Jezus, nimt God wol syn wurd yn acht
of jout Hy ’t minskdom oer oan noed en need?
Wit fan de frjemde dingen oan de loft,
it stjerreleger rekket yn oerstjoer,
bestjer it net by kwea en wrâldsk geroft,
it needwaar beart, mar driuwt op ’t lêst wol oer.
13. Ferkundiging 2
Rien Poortvliet
detail
It liicht der al wer net om sa’t de evangelist Lukas de wurden fan Jezus beskriuwt. Earst de ûndergong fan Jeruzalem, de godsstêd dy’t ta in púnheap wurde sil.
Jezus ropt: ‘Earme froulju, dy’t yn dy dagen yn ferwachting binne of in bern oan it boarst hawwe, want grutte need sil der oer it lân komme en dit folk sil Gods grime fiele.’
Dit wie gjin leagen, want goed fjirtich jier letter makken de Romeinen Jeruzalem mei de grûn gelyk. Ik sil no net fertelle hoe wreed it doe tagongen is en hoe’t earme berntsjes fermoarde binne. Mar lit ús yn dizze tsjinst it byld fan it bern foar eagen hâlde.
Nei’t Jezus it hân hat oer de ûndergong fan Jeruzalem, leit Er de holle yn de nekke en wiist nei it swurk: ‘Der sille frjemde dingen barre…’
Dy wurden binne lâns de nachtlike himel reizge en oankommen yn Fryslân, krekter sein yn Boazum, dêr’t Eelco Alta yn it lêst fan de achttjinde ieu dûmny wie. En watfoar in dûmny! Hy hie ek ferstân fan fee en fûn út dat kij en hynders tsjin sykten yninte wurde koene. Boppedat soest him in astronoom neame kinne, want hy folge de rin fan de planeten en stjerren. En sa kaam er ta de ûntdekking dat op in maaienacht yn 1774 fjouwer planeten en de moanne yn deselde rjochting stean soene. Hy neamde soks in konjunksje. Mar dy konsjunksje wie foar him de ferfolling fan de wurden fan Jezus: ‘Der sille frjemde dingen barre mei de sinne, de moanne en de stjerren.’
Hy waard dêr sa troch rekke dat er in boek skreau. Men kin fan tinken wol ha dat syn beskriuwing fan de konjunksje, dy frjemde dingen oan it swurk, grutte ynfloed hie. It folk yn Fryslân rekke yn panyk, de minsken bestoaren it sawat, want wa soe ûntkomme kinne oan de ramp, de ein fan de wrâld, dy’t kommendeweis wie? En wa wie der klear foar om de Minskesoan te skôgjen op ‘e wolken? Tûzenen minsken ha yn de nacht fan 8 op 9 maaie gjin wink yn de eagen krigen. Doe’t dy nacht ferrûn sûnder de grutte klap, koe it folk wer ferromme sykhelje.
De frjemde dingen, dêr’t Jezus it oer hie, binne net bard by syn libben, net by it libben fan syn learlingen, net yn it jier 70 by de ûndergong fan Jeruzalem, net yn 1774 en ek net yn 2012 by it razen fan de orkaan Sandy.
It liicht der net om wat Jezus by syn libben sei, mar hat it in leagen west? Hy sei ek noch wol dat de minsken dy’t doe libben, it allegearre noch belibje soene. Wy moatte fêststelle dat dy frjemde dingen tusken 30 en 70 nei Kristus net bard binne. Dy wurden fan Jezus binne net útkommen.
Mar salang’t de ierde bestean sil, orkanen as Sandy oer de oseanen en it fêstelân raze, it minskdom stadichoan de ierde útsûget en ôffalstoffen útstjit, salang bliuwe de wurden fan Jezus aktueel (en klinke ús bekend yn de earen): ‘Der sille frjemde dingen barre…’
Mar wannear dan? ‘De figebeam, de olivebeam en alle oare beammen (op ‘e Oliveberch) hâlde jim in byld foar,’ seit Jezus, ‘want as dy útrinne, lit de simmer net lang mear op him wachtsje.’
Mei oare wurden: ‘Sjoch nei de konjunksje fan de frjemde dingen op ierde en oan de himel. Wize dy fan ierde en himel yn deselde rjochting, dan is it Godsryk nei-oan. Bliuw dan net fan eangst plat lizzen, mar kom oerein mei de berntsjes, en stek de holle op, want jimme ferlossing is nei-oan.’
Vincent van Gogh
14. Sjonge
Liet fan wat komt: 7 en 8
De stjerren skynden alle nachten troch,
dat wurk en sliep bleau ’t ritme fan it folk,
de fraach waard: Komt dy lange dei der noch?
It daget, want de Soan komt op in wolk.
Gjinien wit krekt wat der noch komme sil,
as stoarmen beare, wurdt de minske stil,
syn hert springt op wannear’t de himel skokt
en Jezus komt, in altyd duorjend lok.
15. Ferkundiging 3
Wy hawwe de frjemde dingen lêzen en oanheard. Underwilens ha ik de eagen ris gean litten troch de Fermanje. Gjinien ha ik sjoen mei eangst op it antlit. No litte wy as Friezen net daliks de gefoelens op it gesicht sjen. Dy hâlde wy leaver ferburgen yn de djipte fan ús geast. Wy hawwe it dus fan ‘e moarn net bestoarn fan eangst, lykas de Friezen yn de tiid fan dûmny Eelco Alta, doe’t se liezen of hearden fan de driigjende konjunksje.
Hoe soe it komme dat wy hjir noch sa rêstich sitte?
Yn it foarste plak nei alle gedachten om’t de wurden fan Sacharja en Jezus al tûzenen jierren lyn sprutsen binne. Se komme ús bekend foar, wy binne der sa njonkelytsen oan wend rekke.
Dy frjemde dingen hawwe noch net plakfûn, dus wy tinke dat it ús tiid noch wol duorje sil. Mar as wy earlik binne, is dat in falske wissichheid.
Yn it twadde plak moatte de wurden fan Sacharja en Jezus dy’t nei de frjemde dingen folgje, ús gerêst stelle:
‘It sil altyd dei wêze,’ seit Sacharje, ‘de nacht sil weiwurde.’
‘Jim ferlossing is tichtby,’ seit Jezus, ‘it Godsryk is nei-oan.’
Ut dy wurden sprekt de ferwachting fan in nije tiid. Wa soe dan noch bang wêze?
Yn it tredde plak kinne wy gerêst wêze, om’t wy no al mei dy ferwachting libje, want dat seit Advent: wy ferwachtsje it Bern fan Betlehem dat, tsjin it geweld fan de Herodussen op dizze wrâld yn, libben skinkt. Jezus Kristus is troch de delling tusken de beide Olivebergen gongen en as wy it al swier ha of noch krije, dan giet Er ús foar troch ús eigen delling hinne.
En alle bern, ombrocht troch de Herodussen fan dizze wrâld, doe en no, sil it Bern fan Betlehem liede nei it hôf fan Eden, dêr’t se boartsje meie mei elkoar en mei de dieren, oft it no in hûn, in kat of in liuw is.
Frjemd? Dit moat ús dochs bekend yn de earen klinke? Boppedat binne net allinnich dizze bern bekend by God, mar alle bern… en wy dy’t weet ha fan frjemde dingen.
Wêrom soene wy dan benaud wêze? Amen
16. Oargelspul
17. Iepen romte
18. Sjonge
Liet 124: 1, 2, 3, 4 en 5
19. Seine
Wy sille de kommende tiid
de feroarings yn de wrâld
en yn de kosmos yn de gaten
hâlde,
mei it each op it Bern
dat yn Betlehem berne is.
Mei de Seine fan God
ús dêrby foarljochtsje.
20. Sjonge
Liet 456: 3
Rembrandt
|