Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Tsjinst fan krisis en krúk

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 22 septimber 2013 yn Goaiïngaryp

Image

1. Tarissing

Grien, dat is de liturgyske kleur yn dizze tiid fan it jier.
Krisis en krûk, dat is it tema fan dizze tsjinst.
By krisis heart earder de kleur griis of swart,
mar om’t elke tsjinst sprekt fan hope op
of ferwachting fan in oare tiid, kleuret ek dizze tsjinst grien.

Us ferwachting komt fan ús leauwe
yn de Iene, Skepper fan himel en ierde,
dy’t fêsthâldt oan wat Hy tasein hat:
syn Keninkryk, in duorjende tiid
fan leafde, rjocht en frede.
Amen

2. Sjonge
Psalm 118: 1 en 3

3. Gebed

God ús Heit, sa fiele wy ús somtiden,
yn in persoanlike krisis fanwege grutte problemen:
ús sûnens dy’t it ôfwitte lit,
neisten dy’t ús net begripe
of wy ha hielendal gjin neisten,
fiele ús ferlitten troch elkenien,
steane lykme-allinne yn it libben;
dêr komt foar guon fan ús ek noch
de ekonomyske en finansjele krisis by,
wurkleazens, swiere hypoteeklêsten,
skulden fanwege te min ynkommen.

Is it in wûnder dat it griis en swart om ús hinne wurdt
en dat wy it grien fan hope en ferwachting net mear sjogge?

Wy freegje yn dizze krisistiid dat wy wer kleuren sjogge,
al binne it dan ek de kommende hjerstkleuren,
want nei elke hjerst en winter komt de maitiid wer,
it ljochte grien oan de beammen, de hope op heechsimmer,
jo Keninkryk fan leafde, rjocht en frede.
Amen

4. Sjonge
Psalm 118: 5 en 10

5. Ynlieding

Krisis, krisis en nochris krisis, trije kear krisis, it klinkt as is der gjin útsicht mear.
Lit ús earst sicht krije op ‘e krisis yn trijefâld foar’t wy wer útsicht krije.

Earst de krisis yn ús eigen tiid.
As twadde de krisis yn de tiid fan kening Achab en de profeet Elia.
As tredde de krisis yn ús eigen libben fan doe of no.

De krisis yn ús eigen tiid
Al fiif jier binne wy oerspield mei berjochten oer de krisis, foaral dy fan de ekonomy,
want dêr lizze ús liedslju de measte klam op: hoe kin de ekonomy nei lange tiid fan delgong wer groeie?
It is in wûnder dat wy mei in oanhâldende stream fan negative berjochten de holle noch boppe wetter hâlde kinne. Wa’t dat net slagge is, kaam telâne yn in persoanlike krisis.

De krisis fan kening en profeet
Yn de tiid fan kening Achab en de profeet Elia wie it ek krisis, noch folle heftiger as de krisis fan hjoed de dei. Troch de droechte groeide neat mear op it fjild, sadat der in hongersneed yn it lân hearske.
De kening soarge der wol foar dat er him yn genôch wetter baaie koe, mar de profeet wie ôfhinklik fan in lyts streamke oan de grins fan it lân en letter oer de grins hinne. Dêr brocht in krúk útkomst en sicht op in libben yn trijefâld: de profeet, in frou en in bern.

De krisis yn ús eigen libben
De measten fan ús ha perioaden meimakke fan libben yn trijefâld. Of om it oars te sizzen: in folslein of lokkich libben. Dochs hat elkenien wol tiden fan krisis kend: sykte, fertriet om it ferlies fan in leave neiste, skieding, iensumens.
En yn de ekonomyske krisis fan hjoed de dei wurde guon minsken konfrontearre mei wurkleazens, earmoede en útsichtleazens. Hâld de holle dan mar ris boppe wetter, sawol finansjeel as geastlik.

It is de krúk dy’t wer ynhâld oan it libben jaan kin… de krúk as teken fan ynhâld.
Der moat dus wat yn de krúk sitte om oan it libben ynhâld te jaan.

Sa komt nei de ramp fan de krisis in glimk fan Gods Keninkryk.

6. Sjonge
Liet fan de krisis: 1, 2, 3 en 4
Wize: Psalm 134

Wannear, o Hear, is it safier?
Wy sjogge út nei ’t Keninkryk.
Wêr fine wy in goed ûntwyk?
Hoe wurde bibelwurden wier?

Bou jim fertrouwen net op stien,
want muorren reitsje yn ferfal,
gjin machtsboarch is it ien en al
en hat geweld en ramp trochstien.

De krisis hearsket oer de wrâld:
de floed set op en komt te heech,
de fjilden reitsje droech en leech,
in hongersneed treft jong en âld.

Wit dat dit net it lêste is,
want rampen hawwe ek har tiid;
wa’t folhâldt yn de ierdske striid,
is fan it keninklike wis.

7. Lêze
1 Keningen 17, 1-16

8. Sjonge
Liet fan Elia: 1, 2, 3, 4, 5, 6 en 7
Tuskentiden 5

Lit Elia ús fertelle
fan syn libben as profeet,
wêr’t er brea en wetter helle,
hoe’t er minsken holp yn need.

Kening Achab ha ik moete,
him fan God de wacht oansein,
sûnder dat er my noch groete,
wist er wis: der komt gjin rein.

As profeet koe ‘k ek net sûnder
wetter en in hompe brea,
it wie wis: der bart in wûnder,
mar ik moast wol út myn gea.

Einlings kaam ik yn de delling
fan beek Krit, in smelle stream,
hjir begjint eins myn fertelling,
wûnderliker as in dream.

By de beek ha ik my deljûn
nêst it wetter foar myn dronk,
’t like dat ik dêr de rêst fûn,
dat de Iene libben skonk.

Want twa raven seach ik kommen,
swarte ingels yn de loft
ha mei brea myn lot ferromme,
like lang as ’t wetterskoft.

Nei in skoft wie al it wetter
út ‘e beek, ik moast dêrwei,
oer de grins wie it grif better
neffens wat de Iene sei.

9. Ferkundiging 1

Yn it ferhaal dat wy lêzen ha, binne twa haadrolspilers: Elia en de bûtenlânske frou sûnder namme. Hiene wy it ferhaal langer makke, dan wie der noch ien bykommen: kening Achab.
Want wy moatte it ferhaal dat wy lêzen ha, wol yn grutter ferbân sjen.

Achab
Lit ús dêrom begjinne mei Achab, kening fan de tsien stammen fan Israel. Hy is in machthawwer mei wyn yn de swipe. Behalve dat er him mei al syn wielde sjen lit, mei er der ek wêze. Hy lit de ekonomy groeie, ferleit grinzen, sawol op polityk as op religieus mêd. Achab wreidet syn macht út en tagelyk de godstsjinst. Hy sjocht dêr in ferbân tusken. Hoe mear goaden hoe grutter de macht. Yn de ekonomy neame se dat spraat belizze. It jild net allinnich yn oandielen stekke, mar ek yn obligaasjes; net allinnich yn DE Master Blenders (dat koe ferline jier noch), mar ek yn KPN (dat oandiel wie omheechsketten troch de mooglike oername troch in mynhear Slim).
Achab docht itselde op godstsjintich mêd. Hy fynt it net mear ferantwurde om al syn oandielen te stekken yn de Iene, de God fan Israel, mar set ek yn op Baäl, de god fan de fruchtberens en op Asjeara, de memmegoadinne fan Kanaän. Foar Baäl en Asjeara lit er timpels bouwe. By it spraat belizzen spilet syn bûtenlânske frou, keninginne Izebel, grif ek in rol. Foar’t se Achab jûns in nachttút jout, flústeret se him yn it ear dat er wol wat fan Baäl hat en dat sy har wol thúsfielt yn de rol fan Asjeara, de memmegoadinne.
It spraat belizzen hat wol fan gefolgen dat kening Achab hoe langer hoe fierder weirekket by de Iene, de boarne fan libben wetter, dy’t oan rjochtfeardige lieders in folle krúk tasein hat.
Wa’t by de boarne weirekket, wurdt konfrontearre mei in krisis. Harkje mar nei de profeet Elia: ‘Sa wier as de Heare, de God fan Israel, libbet, yn waans tsjinst ik stean: it sil dizze jierren net wer dauje of reine, eardat ik it sis.’

Image
Ikoan fan Elia

Elia
En dêrmei binne wy by Elia. De profeet  hat nei syn skroeiend wurd foar kening Achab net folle mear te sizzen. Hy moat sels it lot fan de krisis ek ûndergean. De tonge kleeft him fan de toarst yn de mûle en syn mage rattelet fan de honger… syn krúk sit gjin drip mear yn. Elia rekket stil, want him wurdt út ‘e hichte wei sein wat er dwaan moat. As in minske by de iennige boarne bliuwt, sil syn krúk wer ynhâld krije, ek al rekket dy troch de krisis net fol.
Elia komt oan by de beek Kerit, yn deselde omkriten dêr’t Jehannes de Doper ieuwen letter yn syn rûge mantel it folk oproppe sil om de wei fan de bekearing te folgjen. Mar foar Elia is der gjin folk om ta te sprekken. Hy sit as wyldeman lykme-allinne yn de delling fan de beek, oan de grins fan it lân mei de woestyn om him hinne. It wetter stiet leech en streamt amper mear. De tute fan de krúk stekt heal boppe wetter út en der komt net folle yn. Wylst er drinkt, rûzje boppe him de wjukken fan raven, de swarte ingels, dy’t him nei it wurd fan de Iene bôle bringe.
En dan, as de skroeiende sinne it wetter opsûge hat en de krúk leech op ‘e boaiem fan de Kerit leit, liket de krisis folslein. De swarte ingels, dy’t der ek ûnder te lijen ha, sitte mei de kop yn de fearren op in deade tûke fan in terebint.
As de tonge fan Elia amper noch bewege kin, bringt wer it wurd fan de Iene útkomst: Elia moat de grins oer, as hongerflechtling syn toarst ferslaan yn it lân fan Baäl en Asjeara, de bertegrûn fan keninginne Izebel. Middenyn de krisis jout de Iene in knypeach. Oer humor sprutsen.

Image

Frou sûnder namme
Dêr is se, ien fan de froulju fan Sarfat, de frou sûnder namme, teminsten… de namme bliuwt ûnbekend. Se is oan it priksykjen. Prikken ha der genôch west, want de sinne hat de blêden fan de tûken skroeid, dy’t dea op ‘e grûn fallen binne. Mar de frou hat mar twa fine kind, want yn de krisistiid siket elkenien brânhout.
En dêr is Elia, by de yngong fan de stêd, hongerflechtling yn it lân fan Baäl en Asjeara, mar ek yn it lân fan de frou sûnder namme en it bertelân fan keninginne Izebel. Makket de profeet him bekend oan de frou? Nee, dat hoecht net, se sjocht daliks dat er flechtling is en smachtet fan de toarst. Mar sjocht se ek oan him dat er út it lân fan de Iene komt? Dêr hat se it yn de rin fan it petear wol oer: ‘Sa wier as de Heare, jo God, libbet…’
Nim it har ris kwea-ôf dat sy it mei Baäl en Asjeara hâldt. Hoewol, se sil grif yn Baäl, de god fan de fruchtberens, teloarsteld wêze, want de tûken falle fertoarre út ‘e beammen en der groeit gjin grien sprútsje mear op it fjild. Oer fruchtberens sprutsen…
Mar mei Asjeara, de memmegoadinne, hat se in hiel oare ferhâlding, want se is sels mem fan in soantsje. Asjeara, memmegoadinne as byld yn in timpel, sûnder bern, mar de frou sûnder namme wol mem mei in hert oerrinnend fan leafde.
Dat hert rint ek oer foar Elia, net fan leafde, mar fan begrutsjen. Wa’t daliks op ‘en paad giet om foar in bûtenlanner in boaiemke wetter yn de krúk te heljen, hat hert foar de meiminske.
Mar it fersyk om in stikje bôle is tefolle frege. Der sit te min moal yn har krúk foar mem, soan en frjemdling. It is sels sa dat it bytsje moal inkeld útstel fan de dea betsjut. Kin in lege krúk it libben noch ynhâld jaan? It libben liket foar de frou sinleas. Der is noch ien dy’t it sinfol foar har makket… nee, net de man út it lân fan de Iene… wol har soantsje, dêr is se mem foar.
Elia lit de frou yn har wearde, want se kin yn har eigen hûs (sa stiet it yn de oarspronklike tekst) dwaan wat se fan doel is: bôle bakke foar har soantsje en harsels, mar se moat earst foar him soargje. Mei oare wurden: se kin tagelyk mem foar in frjemdling wêze en mem foar har soantsje; se kin harsels bliuwe as se de asylsiker yn de mjitte komt.
En sjoch no ris wat der bart: de krúk, teken fan ynhâld, rekket troch de tiid hinne net mear leech. It bliuwt streamen as minsken elkoar sjogge as meiminsken: mei elkoar oprinne nei it hûs fan de frou mei de krúk en mei elkoar ite.
De frou sûnder namme en de frou mei de namme Izebel, in libbensgrut ferskil. In frou yn earmoede, mar troch har oerrinnende hert streamt it moal út har krúk sûnder dat dy leech rekket. Izebel, in keninginne baaiend yn lúkse, oerrinnend fan bedroch, yntrige en korrupsje, in stream dy’t dearint.

Image
Ikoan út ‘e achttjinde ieu
detail

10. Sjonge
Liet fan trochgeand libben: 1 en 2
Wize: Liet 489 út it Lieteboek foar de tsjerken

Elia giet nei Sarfat
fanwege honger yn it lân,
hy hat gjin helper by de hân
en wol net dat it sa moat,
wa’t libbet, jout it troch.

In widdo by de poarte
lit him net sûnder iten stean,
sil foar it alderlêste gean,
mar sy wurdt sels net koarte,
wa’t libbet, jout it troch.

11. Lêze
Amos 8, 4-7

12. Sjonge
Liet fan Amos: 1. 2, 3, 4 en 5
Wize: Liet 474 út it Lieteboek foar de tsjerken

Tekóa, doarp by de woestyn,
dyn namme waard bekend,
want Amos wenne yn dyn oard,
oan ’t boerelibben wend.
Fier wiesto fan de keningsstêd
mei foarst Jerobeäm,
syn rykdom wie rûnom bekend,
mar dôve wie de flam.

God rôp doe Amos ta de die,
by skiep en figen wei,
hy moast op wei mei ’t wurd dat God
him yn de mûle lei:
‘De Heare brinzget as in liuw,
syn lûd klinkt oer it gea,
de greiden lizze toar en feal,
de berchtop eaget dea.’

Doe bûgde Amos nêst syn skiep
de holle nei de grûn,
want as profeet moast hy it dwaan
mei wiisheid troch God jûn.
Wa’t wiisheid mingt mei ’t fjurrich moed,
sjocht by gjin kening op,
syn hert rint oer fan hillich fjoer,
oer ’t gea klinkt lûd syn rop.

De wierheid hie in skelle stim:
‘It is in grut skandaal,
ûnskuldigen ferkeapje jim
foar twa kear in sandaal.
Jim slaan it jild yn stinzen op,
fertsjinje sels gjin stoer,
mar klauwe ’t yn mei swier geweld,
jim misdied is moarn oer.’

Mar oan de ein wie Amos’ lûd
fol fan in kommend heil:
‘Oer is de neare ballingskip,
God bringt syn folk op ’t peil
fan kening Davids hoederskip,
de greiden wurde grien,
de berchtop dript fan druvesop,
sjaloom foar elkenien.’

13. Ferkundiging 2

De twadde lêzing oer Amos, de boer-profeet, brocht my justjes yn ferlegenheid. Binne jim yn tsjerke wend om de profesijen fan de Bibel te ferbinen mei de situaasje fan hjoed dei? Knik net te gau, want it is net neat wat Amos útropt! (Amos 8, 7 en 8)
En as de tsjerke en dizze gemeente de ferbining al lizze wolle, wêr moatte wy dan mei begjinne?
Earst de aktualiteit mar:
Wat tinkt jim fan it grutte bedriuw op amper fiif kilometer fan dizze tsjerke? DE Master Blenders, dat sa nedich earst nei de beurs moast en nei in jier al ferkwânsele is? Net yn it foardiel fan de minsken op ‘e wurkflier, wol fan de heechste baas, alias ynklauwer, en de oandielhâlders.

Image

Wat tinkt jim fan ABN-AMRO, dat troch de steat, dus mei it jild fan de boargers, rêden wurde moast, en meikoarten wer nei de beurs mei om yn it finansjele wyldwest op ‘e nij om it gouden keal te dûnsjen.
Wat tinkt jim fan Nederlân as belêstingparadys, nee net foar de gewoane boarger, mar foar de grutte concerns (IKEA) en de riken fan dizze ierde. Troch dizze paradizen rekket de kleau tusken ryk en earm hoe langer hoe grutter.
Dit binne mar in pear foarbylden fan misstannen fan hjoed de dei, ek wol legale finansjele kriminaliteit neamd.
As de boer-profeet yn ús tiid libbe hie, dan soene syn wurden like flymjend oerkommen wêze as tsjin syn korrupte tiidgenoaten, dy’t derfoar soargen dat har eigen kruken oerrûnen fan wat se fan de earme ôfpakten.
It paleis fan kening Achab en keninginne Izebel stie by wize fan sprekken ek fol mei sokke kruken.
Lokkich dat der dan profeten binne as Elia en Amos.
En hjoed de dei? Binne der noch minsken dy’t de mûle iependogge om it ûnrjocht te beneamen? Mei oare wurden: binne der noch dwerslizzers dy’t dwers foar it ûnrjocht yn de wrâld lizzen geane? Wat fine wy fan klokkelieders, lykas Snowdon? In profeet of in misdiediger. Hy past net yn it machtssysteem fan de Feriene Steaten en dêrom sil er dêr yn de finzenis telâne komme, lykas earder guon profeten yn Israel. Dus dochs in profeet, dy Snowdon?
Lokkich dat der profeten binne lykas Elia en Amos, dy’t de machthawwers de lege kruken fan de machtlezen foarhâlde, want dy sille folstreame mei it heil fan Gods Keninkryk.
Amen

14. Oargelspul

15. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

16. Sjonge
Liet 330: 1, 2 en 3

17. Seine

Wy geane nei hûs ta mei it grien fan de fjilden foar eagen,
yn de hope en ferwachting dat nei de krisistiid in nije tiid komt.

Wy meie meinimme yn dy tuskentiid
de seine fan God,
de leafde fan Jezus Kristus,
en de ynspiraasje fan de Hillige Geast.
Amen

Image

admin

Liet fan trochgeand libben

Religy
PDF Print E-mail
By 1 Keningen 17, 17-24
Wize: Liet 489 út it Lieteboek foar de tsjerken

Elia giet nei Sarfat
fanwege honger yn it lân,
hy hat gjin helper by de hân
en wol net dat it sa moat,
wa’t libbet, jout it troch.

In widdo by de poarte
lit him net sûnder iten stean,
sil foar it alderlêste gean,
mar sy wurdt sels net koarte,
wa’t libbet, jout it troch.

De goedens en it kweade
behearskje ’t libben fan de frou,
nei freugde komt de djippe rou,
har soantsje wurdt in deade,
wat jout it libben noch?

Elia rint nei boppen
mei yn de earms it deade bern,
giet no de hoop foargoed ferlern?
Hy kin net oars as roppe:
‘God oer my, jou it troch!’

Hy jout syn eigen siken,
de hope flammet trije kear,
it is genôch, der komt in kear,
God oer him sil net wike,
wa’t libbet, jout it troch.

Image
Gustave Doré

Sjoch ek: Religy Tsjinst fan mem en bern

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum