Tsjinst op 1 desimber 2013 yn Drylts
1. Tarissing
Earste Advint,
fol fan ferwachting nei wat komme sil,
want twa froulju reitsje yn ferwachting,
de frou dêr’t it jier op jier om giet, Marije
en in foar de measten ûnbekende frou, Tamar.
Wy roppe by it begjin fan dizze tsjinst de Iene oan,
de Skepper fan himel en ierde,
de God fan Tamar en Marije,
dy’t trou is oan wat Hy tasein hat,
fan generaasje op generaasje
in wei nei de befrijing.
Amen
2. Sjonge
Tuskentiden 5: 1, 2 en 3
3. Gebed
Heit yn de himel, wy tankje dat wy ek dit jier
ús ferwachting rjochtsje meie op ‘e befrijing.
Wy witte dat yn de rin fan ieuwen en ieuwen
minsken sa libbe hawwe
dat se fan generaasje op generaasje útsjoen ha
nei in wrâld sûnder soargen, pine en iensumens.
Wy sizze tagelyk dat de ferwachting noch altyd
net útkommen is, dat it liket as is ús eigen tiid
noch foller fan soargen, pine en iensumens
yn plak fan fol ferwachting.
Wy bidde foar minsken dy’t yn de Advintstiid
libje mei soargen oer harsels, de bern of bernsbern.
Mei yn dat tsjuster it Advintsljocht trochbrekke.
Wy bidde foar minsken dy’t noed ha oer har lichem
dat net mear sa goed meikomme kin of de geast
dy’t fertsjustere rekket.
Mei yn dat tsjuster it Advintsljocht skine.
Wy bidde foar minsken dy’t gjin oanspraak ha,
dy’t net kwyt kinne wat se graach mei oaren
diele wolle.
Mei yn de stilte it wurd fan de Advintstiid klinke,
dat de iensumen opnommen wurde yn de mienskip
dy’t befrijing ferwachtet.
Wy bidde foar de wrâld yn need,
dat wêr’t honger hearsket, de magen folreitsje,
dat wêr’t ûnrjocht is, rjocht dien wurdt,
dat wêr’t geweld foar master opslacht, de wapens swije.
Wy bidde dat ús earen en hert iepen geane
foar Tamar en Marije, dy’t ús wat te sizzen ha.
Amen
4. Sjonge
Tuskentiden 5: 4 en 5
5. Ynlieding
Wa’t gjin ferwachting mear hat, libbet mei de dea foar eagen. En lit ús earlik wêze, dat is gjin libben.
Yn it wurd ferwachting klinkt it tiidwurd wachtsje troch. It is der noch net, wy moatte wachtsje, mar it komt, dat is wis.
Manlju, froulju en bern kinne fol fan ferwachting wêze. Yn dizze tiid ferwachtsje de bern Sinteklaas: ‘Vol verwachting klopt ons hart.’
As kristenen binne wy fol fan ferwachting fan it Kristusfeest, it feest fan it bern dat kommen is om te befrijen. Wy libje yn de ferwachtingstiid, Advint, hjoed de earste Advintssnein.
Wy kinne allegearre fol fan ferwachting wêze, mar allinnich froulju binne yn ferwachting.
Lokkich de frou dy’t mem wurde mei. De measte froulju kinne dat gefoel.
As wy it yn dizze Advintstiid oer de frou ha, tinke wy yn it foarste plak oan Marije, de faam dy’t mem wurde mocht fan Jezus, de Befrijer.
Mar op dizze snein falt it folle ljocht op in oare frou, dy’t 1900 jier earder libbe. Har namme is Tamar. Sy wie like âld as Joazef, jim witte wol de soan fan Jakob, de aartsheit dy’t it mei de wierheid net sa nau naam.
It ferhaal fan Tamar is wûnderlik, fol fan minsklik tekoart, mar ek fol fan ferwachting, sawat net te leauwen, lykwols yn de befrijingsskiednis fan Israel de folle wierheid.
Hjir komt it earste bedriuw.
It giet oer Juda en syn skoandochter Tamar.
Juda, de soan fan Jakob en de broer fan Joazef (ûnderkening fan Egypte).
Juda hie it net ta ûnderkening brocht, mar wie wol skieppeboer. Neat mis mei fansels, hy wie kening fan in keppel skiep. Juda rekke fereale op in Kanaänityske frou en troude mei har.
Har namme is net bekend.
De namme fan de frou dêr’t it om giet, is wol bekend. Se hjit Tamar, mar fierder is oer har noch neat te sizzen. Dat komt yn de rin fan it ferhaal en fan de skiednis fan Israel.
Juda en syn frou krije trije soannen: Er, Onan en Sjela.
Doe naam Juda foar syn âldste Tamar ta frou. Sa gie it yn dy tiid.
Er wie net sa’n bêstenien, dat hy hie gjin takomst en stoar.
Doe sei heit Juda tsjin Onan, syn twadde soan, dat er Tamar nimme moast, dat se in bern krije soe op ‘e namme fan syn âldste broer Er. Sa gie it yn dy tiid, it wie de sweagerplicht. De namme fan de ferstoarne moast trochklinke yn in bern, al wie dat bern net fan himsels.
Onan hie net folle op mei de namme fan syn âldste broer Er. Wol kaam er by Tamar, mar foar’t syn sie by har trochsette koe, loek Onan him werom en it sie spatte op ‘e grûn.
Dat Onan wie net sa’n bêstenien, hy hie gjin takomst en stoar.
Doe wie skoanheit Juda dermei oan, want hy woe net dat syn oerbleaune soan, Sjela, de takomst ek ûntsein waard. It wie noch mar in jonkje, dat Juda kaam by Tamar mei it folgjende ferlechje: ‘Gean as widdo nei jim heit syn hûs en wachtsje dêr oant Sjela grut is.’
Mar hy tocht by himsels: ik sjoch dy nea werom.
Wy wachtsje ôf, mar libje wol yn de ferwachting dat it ferhaal sa net ôfrinne kin.
6. Sjonge
Liet fan Tamar: 1 en 2
Wize: Liet 10 út it Lieteboek foar de tsjerken
Tamar hat harsels net sparre
yn it troch de jierren gean,
’t âlde wurd hat sy bewarre
troch har dieden yn ’t bestean,
nea hat sy har lot beklage,
want sy wist,
ienkear komme blide dagen
nei in list.
Skoanheit Juda hat it witten:
beide soannen stoaren ier,
hy bleau doe mei Tamar sitten,
want de widdo wie net swier;
soe hy har dan wachtsje litte
op in bern?
Heit woe hy net langer hjitte,
’t wie ferlern.
7. Lêze
Mattéus 1, 1-3, 16-25
Georges de la Tour
8. Sjonge
Liet 125: 1 en 2
9. Ferkundiging 1
Sa giet it, de iene generaasje stjert en de oare wurdt berne, sa giet it libben troch. As mem en heit, pake en beppe, it krekt berne berntsje yn de earms ha, dan streamt it hert oer. Alle noed yn de famylje en de wrâld liket fuort te streamen fanwege dit berntsje. It fielt as in befrijing: it libben giet troch, it libben hat sin.
Sa giet it by Mattéus ek, noch sterker, it giet by him noch fierder werom yn de tiid en noch fierder foarút yn de tiid.
Fan Abraham oant Jezus wurde alle heiten neamd. Doe’t se de earstberne soan yn de earms hiene, streamde it hert oer. It like op in befrijing, want it libben gie nei de dea fan de heit troch. Mar se hiene noch gjin weet fan de generaasjes dy’t noch kamen, de line dy’t útkomme soe by de berte fan de Befrijer mei in haadletter.
Mar wêr binne de memmen? Sy hiene dochs de soannen ûnder it hert droegen? Streamde it hert fan de memmen dan net oer doe’t se de earstberne soan yn de earms hiene? It wie grif noch in waarmere stream as dy fan de heit.
Mattéus, wêr hast de memmen litten?
As Mattéus hjir wie, dan soed er antwurdzje: ‘Ik neam dochs fjouwer nammen en fan de fiifde mem neam ik de namme fan har earste man.’
Dus mar fiif fan de fjirtich.
Do hast wol in moaie seleksje makke, Mattéus:
– Ien dy’t útmakke waard foar hoer, Tamar.
– Ien dy’t echt in hoer wie, Rachab.
– Ien fan bûtenlânsk komôf, in allochtoanske frou, Ruth.
– Ien dy’t frjemd gie mei de kening… wy sille dy namme ek mar neame: Batséba, de frou fan Uria.
– En Marije, noch mar in faam en dan al yn ferwachting.
Wêr binne al dy oare froulju, dy’t trou bleauwen oan man en húshâlding?
As Mattéus hjir wie, dan soed er antwurdzje: ‘Ik woe der mar mei oanjaan dat ek hoeren en frjemde froulju yn de rige fan de generaasjes thúshearre, sterker noch, sy spylje in belangrike rol yn it proses fan befrijing.’
Sjogge jim it al foar jim? Rachab, de hoer fan Jericho, mei de lytse Obed yn de earms, de pake fan kening David. Sels it hert fan in eks-hoer streamt oer. Sy is befrijd en skinkt befrijing.
En sjogge jim Marije? Sy is swier fan in bern, dêr’t sy de bestimming al fan wit. Mar Joazef, har oansteande, sjocht mei in skean each nei har. Marije fielt it probleem oan: se binne wol by elkoar, mar noch net folslein ta elkoar kommen en sille, as it oan Joazef leit, wer út elkoar gean. In ingel yn in dream wjerhâldt Joazef fan dy stap. Joazef en Marije komme nei dy nachtlike dream ta elkoar yn de ferwachting fan in bern dat befrijt. De soarch oer wat de famylje en de buorlju der wol fan sizze sille, streamt fuort. Der komt in oare stream foar yn it plak: de libbensstream.
Hans Baldung Grien
En Tamar dan? Is dy frou ek opnommen yn de libbensstream? Wy sille har ferhaal noch hearre.
10. Sjonge
Liet 125: 3 en 4
11. Lêze
Genesis 38, 12-30
12. Sjonge
Liet fan Tamar: 3, 4, 5 en 6
Tamar siet mei tûzen fragen
yn de wente fan har heit,
dochs koe sy har lot wol drage,
want wat yn de takomst leit,
soe de Iene dat ferjitte…
gjin momint!
Tamar soe wat letter witte:
trochgean wint.
Juda moast syn oanhâld misse,
dat it waard in tiid fan rou,
dêrnei koe hy it wer risse
sûnder of dochs mei in frou;
Tamar wied er al fergetten,
út syn sicht,
hy is nei de skiep ta setten
foar syn plicht.
Tamar kaam it gau te witten:
skoanheit is yn Timna’s gea,
soe sy no noch langer sitte…
’t swarte kleed moast fan de lea;
mei in wale foar it antlit
gie it oan,
op har fragen hie sy antwurd:
sicht op moarn.
Juda is rap by har kommen,
seach har as in wijde hoer,
wat koe him de rabbers bomme,
al syn soargen wiene oer;
segelring en stôk en koarde
as it pân,
Tamar dy’t de stap oandoarde,
hold sa stân.
Arent van Gelder
13. Ferkundiging 2
Wat in frou, dy Tamar! En wat in libben hat se as jonge frou al achter de rêch.
Earst troud mei in man dy’t net sa’n bêstenien wie… dan al widdo.
Fuortjûn oan de twadde om foar de ferstoarne broer in bern oan te setten.
En as it op it hichtepunt is, lûkt er him letterlik en figuerlik werom… op ‘e nij widdo.
Foar de gek holden troch skoanheit mei te sizzen dat se wachtsje kin op syn tredde, doe noch mar in jonkje.
En wachte hat se, dy Tamar, jierren en jierren yn heite hûs. Net yn ferwachting en alhiel net fol fan ferwachting. Wat sille se yn de stedspoarte oer har rabbe ha: in frou mei in sletten skurte, gjin wûnder dat se twa kear widdo wurden is.
Mar nei lange, lange jierren komt de kear. As se heart dat skoanheit widner wurden is, deselde posysje as dy fan har, giet der wat troch har hinne.
As se heart dat de routiid fan skoanheit foarby is, in hiel oare posysje as dy fan har, want sy hat de widdoklean noch altyd oan, lit se it donkere kleed fan har ôfglide.
En as se heart dat skoanheit yn de buert is te skieppeskearen, strûpt se in kleurich kleed oer de holle en hinget se in wale foar it gesicht. Sy is gjin widdo mear en wachtet net mear op ‘e tredde.
As se sitten giet bûten de poarte fan Enaïm, sjogge de rabbers frjemd op, want dizze frou is frjemd foar harren.
Enaïm, boarne fan de twilling, sa hjit de stêd dêr’t sy berne is… foar har in bysûndere namme, mar sy kin noch net witte dat sysels in boarne wurde sil.
As sy skoanheit troch de wale hinne skimerjen sjocht, wurdt se gewaar dat er nei har sjocht as wie se in hoer. Sy hat it goed oanfield, want de huorrerinder freget oft er der by har ynkomme mei.
Foar wat heart wat: in bokje, gjin geitsje dy’t letter jongen smite kin. Skoanheit wit wat er jout en de skoandochter wit watfoar man sy foar hat, want… hoe kin sy witte dat se it bokje wol krije sil? Is de huorrerinder wol te fertrouwen? Dus freget se him de dingen fan it liif: in halssnoer om him de siken te ûntnimmen, in segelring om him om har finger te winen en syn stôk, dat er syn steun kwytreitsje sil.
As it safier is dat se de dingen fan syn liif brûke kin om har en har posysje bekend te meitsjen, sjocht skoanheit yn dat sy rjochter troch it libben gien is as hysels. Tamar, syn skoandochter, de rjochtfeardige.
Juda, de skoanheit fan Tamar, wit no dat er foar de fjirde kear heit wurdt, mar hy kin noch net witte dat it ek foar de fiifde kear wurde sil.
Wat by de poarte fan Enaïm al in namme hie, boarne fan de twilling, wurdt wier: de boarne fan Tamar streamt oer en foar de poarte wrakselje twa om derút te kommen. Om it hantsje fan wa’t de earste liket te wurden, komt in read koardsje, mar wa’t achter liket te bliuwen, brekt as earste troch. Syn namme is Pêres, trochbraak. De lêste wurdt de earste. Ut him wei sil nei 1800 jier de befrijing trochbrekke yn Jezus Kristus.
14. Sjonge
Liet fan Tamar: 7 en 8
Tamar rekke yn ferwachting,
wat bekend waard yn it gea,
Juda hie foar har gjin achting,
hy fûn sy moast hjoed noch dea,
mar troch ring en stôk en koarde,
syn besit,
hat er Tamar net fermoarde,
sa’t elk wit.
Nei ferrin fan njoggen moannen
kaam in twilling foar it ljocht,
Tamar wie as mem de boarne,
dy’t foargoed der wêze mocht;
Pêres, lêste, kaam nei foaren
en briek troch,
heit fan Wa’t de wrâld feroare,
docht dat noch.
Skoalle fan Rembrandt
15. Ferkundiging 3
Wat dogge wy yn dizze Advintstiid no mei it ferhaal fan Tamar, dy frjemde frou út Enaïm?
Rinne wy aansen de tsjerke út mei it gefoel: it sil wol wier wêze, de wierheid hat in skerp lûd, mar it wurdt aansen ‘Stille nacht, hillige nacht’ en dat klinkt folle moaier?
Of sprekt de frjemde gong, it frjemd gean fan Tamar, ús sa oan dat wy yn de fjouwer wiken fan de Advintstiid by it sjongen fan ‘It daget yn it easten’ Tamar yn it opkommende ljocht fan de sinne rinnen sjogge?
It komt nammentlik wol op frjemd gean oan. Net dat yn in goed houlik stookt wurde moat, want skiedings binne der al tefolle. Mar de frjemde gong fan Tamar jout oan dat krekt dêr de befrijing út weikomt. Yn de eagen fan de rabbers yn de poarte is dy gong bûten de feilige poarte ek bûten de oarder, net te leauwen sa frjemd.
Mar wa’t leaut, giet nei bûten ta, giet frjemd, tsjin de ûnrjochtfeardige oarder fan de wrâld yn.
Hy of sy is kritysk op alle ûnrjocht. Of hawwe kristenen net opsprutsen tsjin it ôfharkjen fan de Amerikanen en tsjin de Russen dy’t ûnskuldige Greenpeacers yn de finzenis opsleaten? Of tsjin de Rabobank dy’t mei oare banken de wrâld bedondere hat.
As benammen kristenen net frjemd gean, dan sil it út ‘e minsken wei net ta befrijing komme. Lit ús mei Tamar net allinnich de Advintstiid yngean, mar ek de wrâld yn.
As wy no tinke dat Tamar en wysels it yn de mande rêde sille, dan lit de line fan de generaasjes de oare kant sjen. Tamar koe net witte dat ieuwen en ieuwen letter út de huorrerinder Juda en har jonkje, mei de namme Trochbrek, de befrijing yn Jezus Kristus trochbrekke soe.
Wy meie witte dat wy, dy’t leauwe yn de frjemde gong fan Jezus troch de wrâld, ek yn de line fan de generaasjes opnommen binne. Dy line sil útkomme by de folsleine befrijing. Lit ús fol fan ferwachting dêrhinne libje.
Amen
16. Oargelspul
17. Sjonge
Liet fan Micha: 1, 2, 3 en 4
Wize: In spyltúch bin ik yn Gods hân
Jeruzalem, de stêd fan rjocht
yn wurd, mar mear yn died,
ik profetearje fan it ljocht
en wat de takomst biedt:
de flakte giet de hichte yn,
Gods berch sjochst al fan fier,
de dowen sweve op ‘e wyn,
de frede wurdt dêr wier.
Egypte, Moab, Libanon,
hear nei it Wurd fan God,
de hege berch wurdt ta syn troan,
der komt in kear yn ’t lot:
kom, gean mei ús de hichte yn
en bliuw net ûnder stean,
de dowen sweve op ‘e wyn
mei fredesfreon de earn.
Fan Sion gean de Wurden út
op Mozes’ stiennen skreaun,
de frede ken gjin oarlochsbút,
de fijân wurdt ta freon:
in ploech wurdt út ‘e swurden smeid,
de sichte út ‘e spear,
gjin mins dy’t noch de deastek krijt,
der is gjin oarloch mear.
De Jouwer, Drylts en Wolvegea,
sjong mei it libbensliet:
genietsje fan it deistich brea,
de wyn dy’t freugde biedt,
dan giesto mei de hichte yn,
Gods berch sjochst al fan fier,
de dowen sweve op ‘e wyn,
de frede wurdt dêr wier.
Gustave Doré
18. Us Heit
Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen
19. Sjonge
Liet 124: 1, 2, 3, 4 en 5
20. Seine
Wy geane fol ferwachting nei hûs
mei foar eagen Marije en Tamar
dy’t ús in frjemde gong foarlibbe ha.
Wy meie der wis fan wêze
dat God de Heit
ús ek opnommen hat yn de line
fan de generaasjes
en dat Kristus de Soan
meigiet op ús wei troch it libben.
21. Sjonge
Liet 456:3 |