Tsjinst op 6 april 2014 yn Goaiïngaryp
1. Tarissing
It is hiel oangripend as men in leave neiste ferliest troch de dea.
It ferlies kin as in stien op it hert lizze
en triennen fan oandwaning oproppe.It tema fan dizze tsjinst op ‘e fiifde snein
fan de fjirtichdagentiid is ‘Stiennen en triennen’.
Mar it bliuwt net by stiennen en triennen,
want de stien wurdt foar it grêf weirôle
en de triennen wurde út ‘e eagen fage.
Wy roppe yn dat fertrouwen de help
fan God oan, de Iene,
de Earste en de Lêste,
dy’t it libben ta oansjen rôp
en duorje lit oant yn ivichheid.
Amen
2. Sjonge
Tuskentiden 5: 1, 2, 3, 4 en 5
3. Bea om ûntferming
a. Sjonge
Tuskentiden 9: 1 en 2
b. Bea
Hear, it is wier dat de fragen yn ús hert omtiizje.
Fragen oer ús eigen libben:
oer bern en âlderen,
oer hoe’t it komt mei ús bern en bernsbern,
oer hoe’t it komt mei ússels,
fragen oer sykte, iensumens en dea.
Mar ek fragen oer de grutte wrâld:
oer oerfloed oan de iene kant en honger oan de oare,
oer wolwêzen en ekonomy,
oer oarloch en frede.
Wy freegje fierder sjongend jo help.
c. Sjonge
Tuskentiden 9: 3, 4, 5 en 6
4. Ynlieding
Tsjinst fan stiennen en triennen
Dy formulearring ha ‘k net allinnich keazen om’t de wurden rymje, mar mear noch om de tsjinstelling tusken in stien en in trien.
Sa hurd as in stien.
Sa kâld as in stien.
As soks fan in minske sein wurdt, dan is der by him of har gjin sprake fan gefoelens of it kin ek wêze dat de gefoelens net nei bûten komme.
Bygelyks yn ‘De likeblom’, in liet oer Marije, in kreaze faam út Terkaple dy’t út reedriden gie, troch it iis sakke en ferdronk.
Mei in likeblom by ’t jak yn,
’t aaklik pronkstik fan de dea
en har moaie reade lippen
wiene no sa blau as lead.
En ús heit, om wurd te hâlden,
liet by ’t grêf gjin ink’le trien,
mar it knage oan syn siele:
hy is as it stof fergien.
En dêrmei komme wy by de triennen, dy’t fergetten wurde by fertriet of rou, mar it kin ek wêze by lilkens; men kin sa grimmitich wêze dat de triennen yn de eagen spatte.
Der komme fan ‘e moarn triennen yn de eagen, triennen tagelyk fan grime en fertriet, mar dat wol net sizze dat it in fertrietlike tsjinst wurde sil. Want troch de triennen hinne brekt it ljocht fan it libben troch. Lykas reindrippen it ljocht fan de sinne ombûge ta in kleurige reinbôge, kriget it libben troch it ljocht fan Jezus nei de dea wer kleur.
Dêr soe Lazarus oer meiprate kinne, mar spitigernôch komt er nei de libbenswurden fan Jezus sels net oan it wurd.
Ikoan ‘Lazarus komt út it grêf’
Wa’t wy fan ‘e moarn wol oan it wurd litte, binne twa minsken út it boek ‘Als Christus verschijnt’ fan Berthilde van der Zwaag, in frou fan tachtich jier en in dûmny. Beide fertelle dat se Kristus sjoen ha… as libbene nei syn dea.
Us earste lêzing komt dus net út ‘e Bibel, mar fan wat in tachtichjierrige frou opskreaun hat:
Ik ben zonder kerk opgegroeid. Mijn moeder geloofde wel, daar bleef het bij helaas. Wij hadden als kinderen de vrije keus, ik ben daarom naar de zondagsschool gegaan. Er was in het gezin veel warmte, respect voor de natuur, voor de medemens en aandacht voor normen en waarden.
Toen ik acht was, lag ik drie en een halve maand in een rooms-katholiek ziekenhuis. Ik ging naar het kleine, stille kapelletje waar ik de nonnen zag bidden.
Op een keer stond ik voor het het levensgrote Christusbeeld. Ik vroeg aan God: ‘Wilt U mij alstublieft weer beter maken, ik wil zo graag naar papa en mama.’
Ik hoopte dat God mij zou horen en helpen. Ik was erg ziek, had al drie operaties gehad. Ik bad ook voor Jezus, want ik vond Hem zo zielig aan het kruis hangen.
Opeens was Christus er. Dat beeld van toen zal ik nooit vergeten, het is altijd bij me. Het meest vielen mij zijn lieve gezicht en handen op. Bijzondere ogen keken mij aan. Ik was niet bang, integendeel. Mijn eerste reactie was: zou dit God zijn? Nu ben ik tachtig jaar. Ik denk er nog steeds aan terug.
5. Sjonge
Tuskentiden 9: 10, 11 en 12
6. Lêze
Jehannes 11, 1-10
7. Sjonge
Liet fan libbene Lazarus: 1, 2 en 3
Wize: Liet 218 út it Lieteboek foar de tsjerken
Betanië lei noch fierôf
fan ’t libben út ‘e dea,
twa susters, fan karakter trou,
fersoargen hûs en lea.
Broer Lazarus wie earnstich siik,
neat koene se mear dwaan,
har boadskip wie dêrfan in blyk,
de Hear soe útkomst jaan.
Mar Jezus bleau lang op it plak
dêr’t hy syn boadskip brocht,
hoewol’t de sike like swak,
God kaam dêrtroch yn ’t ljocht.
Jacob Pynas
8. Ferkundiging 1
In wei yn de tiid fan Jezus wie net sûnder stroffelstiennen, letterlik en figuerlik net. Wa’t út Galiléa opteach nei Jeruzalem om it Peaskefeest te fieren, moast in omwei meitsje, nammentlik om Samaria hinne, dat de Joaden as heal heidensk beskôgen. Hoewol’t it reizgjende folk yn feeststimming ferkearde, seagen se de Samaritanen wol as in ieuwenâlde stroffelstien. Stel dy foar dat se dwerstroch har lân reizgje soene, dan krigen se grif stiennen achter har oan.
Jezus is yn de lêste fjirtjin dagen fan syn libben mei syn dissipelen op in plak dat net mei namme neamd wurdt. It is foar harren gjin bliuwend stee, se binne ommers al trije jier ûnderweis. Grif hat Jezus ek diskear Jeruzalem as bestimming foar eagen. Mar de dissipelen perfoarst net, want as Jezus, nei’t er berjocht út Betanië krigen hat, útsteld om nei Judéa te reizgjen, wolle se him dêrfan weromhâlde: ‘Rabby, it is noch net sa lang lyn dat de Joaden besocht ha Jo te stiennigjen en geane Jo dêr no wer hinne?’
Net de Samaritanen ha Jezus stiennen achternei smiten doe’t hy ris dwerstroch har lân reizge en in frou by de put moete. Nee, net de heale heidenen, mar de leauwige lângenoaten. Noch helte slimmer, se woene him mei hurde stiennen de dea oandwaan!
Bestimming Jeruzalem, dat stie Jezus foar eagen, ek sûnder it berjocht út Betanië. Doe’t it benearjende boadskip oer in deasike freon kaam, hold it plak dat mei gjin namme neamd wurdt, Jezus noch twa dagen fêst. Net te leauwen!
Is neat minskliks de minske Jezus frjemd? In wifeling om de lêste fjirtjin dagen fan syn libben yn te gean? Of krekt oarsom: twa dagen fan tarieding om it leauwe sterker te meitsjen. Op ‘e tredde dei it leauwe tagelyk ferdjipje en ferheegje. Ferdjipje troch de dea en ferheegje troch de ferrizenis.
Noch yn it plak sûnder namme feroaret de minske Jezus yn de Soan fan God mei syn útspraak: ‘Dy sykte rint net út op ‘e dea, mar dy is ta Gods eare, dat de Soan fan God dêrtroch ferhearlike wurde mei.’
Wa’t mei Jezus yn it ferdjippe en ferhege leauwe meigiet, mei dochter of soan fan God neamd wurde. Lykas dy tachtichjierrige frou dy’t as famke Jezus as libbene foar eagen kriich.
Jan Lievens
9. Sjonge
Liet fan de libbene Lazarus: 4, 5 en 6
De tredde dei woe Jezus gean,
gjin eangst foar stien of dea,
de folgers bleauwen leaver stean,
men wist yn ’t libben nea.
De Hear wist wol fan nacht en dei:
by deiljocht falt gjinien,
mar yn it tsjuster is de wei
foar elk in stroffelstien.
Dêrnei sei Jezus noch planút:
‘Broer Lazarus is stoarn.’
De dea wie net it einbeslút,
it kaam op ’t leauwen oan.
10. Lêze
Jehannes 11, 17-27
Jehannes 11, 32-44
Rembrandt
11. Sjonge
Liet fan libbene Lazarus: 7, 8, 9, 10, 11 en 12
Betanië kaam yn it sicht
en Marta kaam der oan,
sy seach genêzing as in plicht,
dan wie har broer net stoarn.
Mar Jezus hie in oar berjocht:
it opstean út ‘e dea,
syn libbensein stie yn dat ljocht,
wa’t leaude, stoar dan nea.
De iene suster rôp de oar,
dy’t op deselde toan
itselde sei, dêr stie Hy foar,
dan wie har broer net stoarn.
’t Ferwyt wie as in stien allyk,
wat Jezus griep yn ’t moed:
fertriet en grime tagelyk,
wie dat gefoel wol goed?
Troch triennen hinne seach Hy nei
de skare achter Him,
Hy frege wêr’t de deade lei,
it each kriich wer in glim.
De stien moast foar it rotsgat wei
foar’t ‘Lazarus’ lûd klonk,
de echo brocht it libben mei,
it wie as ’t ljocht him wonk.
Caravaggio
12. Ferkundiging 2
Ferskillend fan aard
Twa susters en in broer, alle trije solo, teminsten neat wiist derop dat Lazarus troud wie, want oars hie syn frou ek wol meirûn yn de roustaasje en miskien itselde wol sein as de twa susters: ‘Hiene Jo hjir mar west, dan wie myn man net stoarn.’
Neat wiist der ek op dat de broer by syn susters yn de kost wie, wol is it sa dat de famylje yn itselde doarp wenne, Betanië.
Fan de susters witte wy mear as fan de broer. Marta wie de frou fan it miel, Maria fan de meditaasje. Marta moast it fan de hannen en de mûle ha, Maria fan de earen en de geast. Dat die wol bliken doe’t Jezus by har op besite wie. Marta wrotte mei it swit yn it hier yn de keuken en Maria hie har yn de keamer deljûn oan de fuotten fan Jezus en hong oan syn mûle.
Marta dus mei it goedkeape, stjonkende swit yn it hier en Maria mei in krúkje djoere, hearlik rûkende oalje, dy’t se oer de fuotten fan Jezus geat en dêrnei de drippende fuotten mei har hier ôfdroege.
Wat in ferskil yn aard! Mar wat follen de ferskillende karakters elkoar treflik oan. Oars hiene de beide susters it net salang tegearre yn itselde hûs folholden. Fansels wie der wolris wat, lykas op dy dei fan de besite fan Jezus, doe’t Marta frege: ‘Hear kinne Jo it goed krije dat myn suster it betsjinjen allinne foar my opkomme lit? Sis har dochs dat se mei oanpakt.’
Hoe is dat by jim yn de famylje? Ek sokke grutte ferskillen yn karakter tusken broers en susters? As soks yn lykwicht bliuwt, is dêr neat mis mei, krekt oarsom, dan binne de ferhâldings harmoanysk. Lit de iene dan de hannen mar út ‘e mouwe stekke en de oare de earen opstekke nei de lûden út hegere sfearen.
Net dat Marta nei de dea fan har broer de hannen út ‘e mouwe stiek, mar sy gong wol oerein, sy riisde fan har sitplak op en sette de stap deryn, wylst har suster mei bûgde holle sitten bleau.
Ferwiten en emoasjes
Mei twa susters sa ferskillend fan aard soe men sizze dat de reaksjes nei Jezus ta ek oars wiene, dat dy ferskilden as ierde en himel.
Marta, de primêr reagearjende: ‘Dêr binne Jo dan, mar it is wol te let!’
Maria, dy’t sekundêr regearre: ‘Leave Hear, it is sa fluch gien, wy binne yn djippe rou.’
Gjin sprake fan, der waard oars sprutsen, der waard sels troch de susters opsprutsen mei krekt deselde wurden: ‘Hear, hiene Jo hjir mar west, dan wie myn broer net stoarn.’
Wurde minsken yn de rou oan elkoar gelyk? Oan de taal te hearren wie dat by Marta en Maria wol sa, mar se praten net as in mienskip fan twa susters, mar as yndividuele suster fan de ferstoarne broer: ‘… dan wie myn broer net stoarn.’
Seagen se yn de rou, it djippe fertriet, elkoar net stean? Spilen de emoasjes sa heech op dat de iene blyn waard foar de oare? Wis, se hearden it folk yn de roustaasje wol kleien, mar troch de triennen yn de eagen briek it byld fan de neiste en waard it sicht dizich. Elk wie yn syn eigen rou bewuolle.
Mar Jezus hie de eagen wiid iepen en it hert ek. It ferwyt fan de susters rekke him yn it hert en ek dat sy en de kleiende lju net op elkoar belutsen wiene. Hy wie net allinnich oandien (sa’t wy yn de Fryske Bibel lêzen ha), mar de grime lôge by him ek heech op (sa’t yn de oarspronklike tekst stiet). Troch de triennen yn de eagen hinne seach er de breklinen tusken de rouwenden. Der wie gjin harmony yn it rouwen, elk wie yn syn eigen rou bewuolle. De roukleden moasten útraffele wurde, sadat de minsken ferdjipjend en ferheegjend leauwe koene. En as de minsken net mear bewuolle wiene yn de eigen rou, dan koene se elkoar ek yn it hert sjen.
De fraach en oarder fan Jezus wiene koart fan de grime:
‘Wêr hawwe jimme him dellein?’
‘Helje de stien derwei!’
Hoe ferrûn de rou by jim yn de famylje? Hiene de rouwenden noch each en ear foar elkoar? Der wurdt wol sein dat de spanningen dy’t yn de rin fan de jierren yn in famylje opboud binne, yn de tiid foar de begraffenis of kremaasje faak ta in útbarsting komme. Dan binne der net allinnich triennen fan fertriet, mar ek fan grime, lykas by Jezus.
De opstanning en it libben
Yn it ferline waard faak in Bibelfers nommen as útgongspunt foar de ferkundiging. Foar dizze tsjinst hiene dat de wurden fan Jezus wêze kind dêr’t er Marta mei oanspriek: ‘Ik bin de opstanning en it libben, dy’t yn My leaut, sil libje, ek al is hy stoarn.’
Opstanning, libben, leauwe, libje, stoarn wêze, dat binne de fiif wurden dêr’t it om giet.
Ik bin de opstanning en it libben…
Dêrmei seit Jezus: ‘Sjoch nei my, Ik bin it foarbyld, it byld dat jim foar eagen ha moatte.’
Stoarn wêze…
Dêrmei seit Jezus: ‘Gjinien ûntkomt oan de dea.’
Leauwe…
Dêrmei seit Jezus: ‘Wa’t de dea ûnder eagen sjocht, mei My as foarbyld, leaut ferdjipjend,
giet mei My troch de djipte fan de dea hinne.’
Libje…
Dêrmei seit Jezus: ‘Wa’t it libben foar eagen hat, mei My as foarbyld, leaut ferheegjend, sil mei My op in heger plan libje.’
En Jezus rôp withoe lûd: ‘Lazarus, kom derút!’
En de ferstoarne kaam derút.
Vincent van Gogh
Hoe sil dyn libben fierder ferrinne? Leaust ferdjipjend troch de dea ûnder eagen te sjen, mei Jezus as foarbyld? En it libben troch de dea hinne?
De tredde lêzing fan hjoed stiet yn ‘Als Christus verschijnt’ en komt fan in dûmny:
Ik bezocht de begrafenis van een van mijn broers. De uitvaartdienst vond plaats in een kapel. Je kon zien dat deze kapel voor zowel katholieke als voor protestantse diensten werd gebruikt. Links stond een preekstoel en in het midden een altaar. Achter het altaar, op de witte muur, moet ooit een crucifix gehangen hebben. De spijkers waaraan het gehangen had, waren nog zwak zichtbaar, ze waren ook wit geschilderd. Christus moet daar gehangen hebben met zijn handen wijd uitgestrekt en zijn voeten vastgenageld aan het onderste deel van de balk. De hangende Heiland in zijn onbeschrijflijk lijden.
Terwijl ik zo zat te kijken, leek het mij alsof het beeld vervaagde en de triomferende Heer verscheen. Zijn handen had hij uitgestoken in een helpend en zegenend gebaar, tot op de plaats waar de spijkers waren, de tekens in zijn handen. Zijn kleed reikte tot aan de grond, zodat de onderste spijkers niet te zien waren. Zo was Jezus troosend aanwezig bij dit droeve gebeuren.
13. Oargelspul
14. Us Heit
Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen
15. Sjonge
Tuskentiden 217: 1, 2, 3 en 4
16. Seine
Mei God ús behoedzje en syn seine jaan,
mei Jezus ús foargean yn it libben en troch de dea hinne,
mei de Geast ús ynspirearje om it oant de ein ta fol te hâlden.
|