Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Tsjinst fan it laitsjen

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 19 oktober 2014 yn Terkaple

1. Tarissing

Image

Op dizze fiifde snein fan de hjerst,
no’t it libben yn de natuer liket te stjerren
en trystens guon minsken oerfalt,
kin der amper in glimke ôf.

Mar dochs fiere wy hjoed de tsjinst fan it laitsjen,
om’t noch altyd bern op ‘e wrâld komme,
bern dy’t libje nei de takomst.

Wy fertrouwe op it wurd fan God, de Iene,
de Skepper fan himel en ierde,
dy’t ek Adam en Eva skepen hat,
dy’t derby wêze sil,
ek yn dizze tsjinst,
oant yn ivichheid.
Amen

2. Sjonge
Tuskentiden 1: 1, 2, 3, 4 en 5

3. Bea

Heit yn de himel, wy ha songen fan de freugde
dy’t ús fan ‘e moarn hjir brocht hat,
dus it past ús om earst tank te bringen.

Tankewol dat ús eagen noch yntakt binne
om de rûte nei tsjerke te folgjen
en dat de fuotten ús hjir noch bringe koene.
Tankewol dat de mûle jo lof noch sjonge kin
en de earen noch goed binne om jo Wurd op te heinen.

Wy ha songen oer dit gebou dêr’t minsken fan earder tiid
ek hinnegiene.
Tankewol dat wy yn de rûte fan de generaasjes opnommen binne.

Wy ha songen fan ingels, jo fertsjintwurdigers,
dy’t it boadskip foar de takomst bringe.
Tankewol dat wy mei Sara dat boadskip
fan ‘e moarn hearre meie, it boadskip dat laitsje lit.

Wy ha songen oer jo plan fan ivichheid betocht
en dan wurde wy in  telmannich stil…
sjogge wy dat plan noch wol skimerjen
troch safolle ellinde hinne?

Dêrom bidde wy earst foar de wrâld yn need:
foar minsken yn oarlochssituaasjes,
foar de flechtlingen,
foar de asylsikers,
foar minsken besmet mei ebola,
foar minsken dy’t honger ha.

Wy bidde ek foar ússels,
want elk minske hat wol soargen,
elke húshâlding hat syn krús
en yn elke famylje spylje problemen op.

Untfermje jo oer de wrâld en oer ús.
Amen

4. Sjonge
Tuskentiden 1: 7

5. Ynlieding

It kin fansels oan mysels lizze, mar wurdt der tsjintwurdich noch wol lake? Ik bedoel fan binnenút, út it hert wei, lake? Of bliuwt it by glimkje, gnyskje, spytgnyskje en gnize?

It kin oan de krisis lizze dat it laitsjen ús fergien is. In protte minsken binne troffen troch de besunigings op allerhande foarsjennings of troch wurkleazens en dan falt it net ta om fleurich te wêzen, lit stean fan folút te laitsjen. Wa’t him leech fielt, hat gjin lucht om te laitsjen.
Wêr’t guon dan wol yn ferfalle, is in synyske laits: ‘Wat se ús allegearre net foar eagen spegelje, lit my net laitsje!’

It kin ek oan de tsjintwurdige drigings yn de wrâld lizze dat de laits op ús gesicht bestjurret. Wa’t sjocht dat hollen fan de romp rôlje, stiet it gûlen neier as it laitsjen. Of in machtleaze grime wâlet troch de geast.

Hoe sit dat yn tsjerke? Wurdt dêr wol lake? In fleurige foargonger ropt wolris in sêft laitsjen op, mar skatterjend? As der bern yn tsjerke binne en it praat bloeit op, dan soargje sy der mei har iepen hert foar dat de gemeente laket. Bern libje fan binnen nei bûten, wat har op it hert leit, komt der ek út. Folwoeksenen libje mear fan bûten nei binnen. Wat fan bûten komt, wurdt faak binnen holden. En dan wurdt der net lake.

Lit ús noch efkes it laitsjen fan bûten en binnen besjen. Laitsjen hat te krijen mei reitsjen. Fan binnen wurdt men rekke troch wat fan bûten komt en jawis, dêr hast him al, de laits komt nei bûten ta.

Laitsjen út it hert wei hat dus te krijen mei lykwicht tusken de binnenwrâld en de bûtenwrâld.
As binnen- en bûtenwrâld folslein yn lykwicht binne, is der harmony, lok, leafde.
Binne binnen- en bûtenwrâld út it lykwicht wei, dan fielt in minske him of har ûngelokkich, leech, depressyf. It laitsjen is him of har fergien. Oer bliuwt heechút in synyske gniis.

Yn de Bibel komt men komselden in minske tsjin dy’t laket.

De haadpersoan fan ‘e moarn is Sara, de frou fan Abraham, dy’t ûntkent dat se lake hat om de belofte fan in soan.
Oan har foarôf giet Eva, de mem fan alle libbenen, dy’t it laitsjen fergien is, oft se teminsten yn it paradys wolris mei Adam lake hat.
Dizze beide froulju ha ûnderfûn hoe’t foar de Iene neat fan harren dwaan en litten ferburgen bleau.

6. Sjonge
Psalm 139: 1 en 8

7. Lêze
Genesis 3, 8-13, 16a en 20

Image
Jan Breughel de Alde

8. Sjonge
Liet fan Eva: 1, 2 en 3
Wize: Tuskentiden 5

Eva, mem fan alle libben,
frouwebyld de ieuwen troch,
skepen út de manneribbe,
dyn folsleinens strielet noch.

Eva, yn it hôf fan Eden,
byld fan wat wie earst folslein,
libbest mei dyn man yn frede,
’t like dat der wie gjin ein.

Eva, wêrfoar beammen stiene,
hiesto fan de Iene heard,
bylden dy’t dy wol wat diene,
mar do woest fan ’t iene sêd.

Image
Lucas Cranach de Aldere

9. Ferkundiging 1

Eva, de earste frou, de mem fan alle libbenen, wat in frou!
Wy kenne de bylden fan Eva, mei opsetsin sis ik net dat wy de skiednis kenne. By skiednis hearre jiertallen en feiten. Jim witte wol:
1533                           Willem van Oranje berne
1568-1648                  Tachtichjierrige Oarloch
1584                           Willem van Oranje fermoarde
Sa leit in hiel libben tusken twa jiertallen yn.
Mar sa is it net mei Adam en Eva. Dizze man en frou byldzje út hoe’t God, ek wol de Iene neamd, it minskdom bedoeld hat, nammentlik libjend yn harmony mei de bûtenwrâld, it paradys of it hôf fan Eden. De binnenwrâld fan Adam en Eva is folslein yn lykwicht mei de bûtenwrâld. Se hâlde fan elkoar en fan it libben om har hinne, binne folslein lokkich. It stiet net yn Genesis, mar grif hat yn it paradys faakris in blide laits klonken.
Dit is it earste byld fan Adam en Eva, in harmonysk byld.

It twadde byld glydt dêr, tagelyk mei it glêde spoar fan de slang, oerhinne. Mei de hap út ‘e glimmende frucht fan de beam fan goed en kwea, sette Adam en Eva de tosken yn de harmony. It harmoanyske libben kriget sa’n knau dat se har skamje foar har eigen neakenens.
Binne yn de folmakke, glânzjende hûd fan de man en frou ynienen tearen kommen, sa’t op guon skilderijen ôfbylde is? Yn alle gefallen slûpt mei it skuldgefoel tagelyk de skamte yn it neakene libben. En de slang yn de beam fan goed en kwea mar spytgnyskje om dy bleate Adam en Eva.
Sa krije wy yn it twadde byld it neakene libben foar eagen, sa’t wy dat ek wol om ús hinne waarnimme, net letterlik bleat, mar warleas, sûnder ferwar.

Hoe kenne Adam en Eva har dan noch ferwarre foar de Iene oer, dy’t syn lûd yn de wyn hearre lit? Se besykje noch wol yn ferwar te kommen, want Adam spuit syn skuldige hap út nei Eva en Eva spuit nei de slang. Beide binne net mear ien fan geast. God, de Iene, moat tasjen dat dêrmei syn skepping útinoarfallen is.
Dit is it tredde byld: twa yn de geast skieden minsken foar de Iene oer.

As dat tredde byld as in skaad oer it hôf fan Eden falt, dan is der gjin hâlden oan. Wol noch fan hâlden fan, want as de Iene by wize fan sprekken de hannen fan syn skepping ôflutsen hie, dan hie de neakene wierheid in libben sûnder leafde west. De Iene hat Adam en Eva net loslitten, mar oereinholden. Hy makke sels klean fan hûden en die har dy oan.

Der is gjin hâlden mear oan yn it hôf fan Eden. Wat earst licht wie, sil swier wurde. Rûnen Adam en Eva earst mei in lichte trêd troch it hôf, by elke folgjende stap sille se nei de geastlike skieding de swierte fan it libben fiele. It lûd fan de Iene, dy’t dat oankundiget, klinkt swier.
Wy litte it oardiel oer de slang en Adam rêste en rjochtsje ús op Eva. Dit byld, it fjirde, bestrykt in perioade fan njoggen moannen. Wat in fleurich byld wêze moast, set út: it lichem ferfoarmet, ferdraacht net wat ynnommen wurdt, it miel, en jout oer wat tefolle is:
Tige swier sil Ik meitsje
de lêst fan de dracht.
Mar dan is it safier. De frucht is foldroegen, is ryp om foar it ljocht te kommen. Der mei gjin hap út om de lêst lichter te meitsjen:
Mei lêst silsto bern krije.
Bern krije, mar dêrmei is der wer takomst: Eva wurdt de mem fan alle libbenen. Der komt in glimke op har gesicht as se nei de lytse Kaïn sjocht.

Image
Tintoretto

10. Sjonge
Liet fan Eva: 4, 5 en 6

Wêrom, Eva, bisto kommen
oan it byld fan goed en kwea?
Neaken binne jim beklomme,
einefel oer hiel de lea.

Eva, koest it sels net drage?
Yn it skuldbyld kaam de slang;
troch de fragen is it dage:
foar it earst wiest stjerrend bang.

Hasto, Eva, wol fernommen
hoe’t de swierte yn dy lei?
Lit it memmebyld mar komme,
want dêr is de ein fan wei.

11. Lêze
Genesis 18, 1-15

12. Sjonge
Liet fan Sara: 1, 2 en 3
Wize: Psalm 134

De Iene rôp en Abraham
ferliet mei Sara lân en stam,
gjin bernestim klonk op ‘e wei,
sy naam har godsfertrouwen mei.

It wie in lange, drege reis,
ien lêst droech Sara ûnderweis:
de lege skurte foel har swier,
’t beloofde lân lei fierste fier.

Sy kamen oan yn Kanaän,
ûnfruchtber gea foar frou en man,
de honger ware troch it lân,
dat har fertrouwen hold gjin stân.

13. Ferkundiging 2

Sara, foarstinne is har namme, wat in frou!
Mei Abraham en dus ek mei Sara as mem begjint de skiednis fan Israel. Wy kinne dizze man en frou dus yn it ferline thúsbringe, sa likernôch 2000 jier foar Kristus. Dat wol net sizze dat alle ferhalen oer Abraham en Sara skiednisferhalen binne. De measte sille, lykas dy fan Adam en Eva, byldferhalen wêze.

It earste byld ljochtet op yn de stêd Oer, tichtby it plak dêr’t it paradys wie, sa’t se wol hawwe wolle. Foar Adam en Eva wie dat gjin bliuwend plak en foar Abraham en Sara ek net.
De Iene komt wer oan it wurd, diskear net fol fan grime, mar oproppend om nei it lân te gean dat oanwiisd wurde sil. Der is gjin sprake fan in swiere dracht fan njoggen moannen en fan mei lêst bern krije. De reis sil folle langer as njoggen moannen duorre ha en Sara komt sûnder in bern yn de earms yn it oanwiisde lân Kanaän oan.

Der is yn Kanaän noch neat om te laitsjen, want it miel is earmoedich. Oan de beam fan it libben hingje gjin glânzjende fruchten. Fanwege de honger wurde Abraham en Sara asylsikers yn Egypte. Om’t Abraham bang is dat farao him wat oandwaan sil om syn kreaze frou, moat Sara har foardwaan as syn suster. En jawis, hoe kin it ek oars, de farao kriget frij spul om Sara op te nimmen yn syn harem… Sara, foarstinne is har namme, wurdt ien fan de foarstinnen fan de farao. It liket wol as stiet yn Egypte de beam fan goed en kwea, fan leagen en bedroch. Om dit twadde byld, Sara yn betizing, tusken Abraham en farao, falt ek net te laitsjen.

Dan it tredde byld, ûnder de terebint, de beam mei de brede tûken, dy’t as de earms fan de Iene de trije gasten fan Abraham beskermje tsjin de gleone sinne. Lit ús dy mannen mar sjen as fertsjintwurdigers fan de Iene.
Is it net in ferskil fan himel en ierde? It paradyslike tafriel fan it miel ûnder de earms fan de Iene en de grimmitige God by de beam fan goed en kwea dy’t wiist nei de frucht mei de twa happen derút.
Abraham, dy’t bûten by de itende gasten stiet, sil grif glimke ha om it paradyslike tafriel by syn tinte.

Image
Rembrandt

It fjirde byld giet fan bûten nei binnen, want as de wurden klinke dat Sara oer in jier in soan krije sil, dan komme dy ek troch it tintdoek hinne, dêr’t Sara achter stiet. Dy wurden kringe yn harsels troch en se wurdt dêrtroch rekke. Fan bûten nei binnen, dêr’t nei safolle jierren de leechte hearsket. Hoe kin se fol reitsje fan dy wurden? As it Abraham en harsels net slagge is om fol te reitsjen, hoe soene wurden it dan dwaan kinne? En dan klinkt yn de leechte fan Sara de ûntkenning: nee, nee, nee en se laket tusken spyt en gnyskjen yn.
It gnyskjen oer it mem wurden fan in frou dy’t al âlde beppe wêze koe, mar dochs…
De spyt oer de swierte fan har libben dy’t amper te dragen wie, mar dochs…
Dochs klinkt yn it spytgnyskjen de hope troch, noch sterker de ferwachting.
En Sara rekket yn ferwachting, sy rekket swier, in oare swierte as dy fan Eva. Nei njoggen moannen wurdt in jonkje berne, Izaäk, sy laitsje is syn namme. En wylst Sara de lytse Izaäk oan it boarst leit, glimket se.

14. Sjonge
Liet fan Sara: 4, 5 en 6

Egypte noege mei asyl,
dêr’t Abraham ferkocht syn siel
oan ’t leagenryk, joech Sara wei
oan farao foar nacht en dei.

Werom yn it beloofde lân
joech Abraham mei golle hân
syn trije gasten ’t middeismiel,
mar Sara kriich har eigen diel.

Sy lake om ’t beloofde bern,
koe net de fierte lizzen sjen,
dochs hope syn op ’t eigen plak
bestimd foar lytse Izaäk.

15. Ferkundiging 3

It wurdt no tiid dat wy nei ús eigen tiid geane. Wy dy’t hjoed de dei libje, ha allegearre in skiednis. Us bertejier is bekend, ús stjerjier noch net. Dêrtusken leit ús libben as bern, puber, folwoeksene, heit of mem, pake of beppe.

Mei opsetsin brûk ik it byld fan heit of mem en it byld fan pake of beppe. Want yn dizze bylden binne bern opnommen, it kostberste wat der yn it libben is, de takomst, it trochgeande libben.
By de berte fan ús bern wurdt glimke. As de pjut of beuker pratend boartet, wurdt lake. It soe skande wêze dat by it grutter wurden fan de bern it laitsjen ús fergiet, lit stean dat der om de bern spytgnyske wurdt.
Fierwei de measte âlders jouwe de bern gjin namme mei in betsjutting. Men heart tsjintwurdich noch wolris de namme Bram, Eva, Jakob, Rachel, Jaap, David, Daniël,
mar der binne amper Sara’s mear
en gjin Izaäks.
Izaäk, sy laitsje.
As wy mar om en mei ús bern laitsje kinne, want dêr klinkt de harmony en de takomst yn troch.
Mar it laitsjen soe jin fergean by it bekend wurden fan it rapport fan trije berne-organisaasjes. Dêryn stiet dat yn in beskaafd lân as Nederlân alle jierren 118.000 bern mishannele wurde.
In sitaat: ‘Te veel mishandelde kinderen krijgen geen hulp en het lukt de hulpverleners onvoldoende om gezinsgeweld blijvend te stoppen’.

Noch in lêste byld. Net fier fan it plak dêr’t it paradys wêze moatten hat en op ‘e rûte fan Abraham en Sara harren reis nei Kanaän leit hjoed de dei IS, de steat dêr’t in libben gjin wearde hat, lit stean fan in bernelibben. Dêrom binne hûnderttûzenen op ‘e flecht slein. Wa’t de bylden ta him trochkringe lit, wurdt djip rekke. It is om te gûlen.
Mar salang’t bern meirinne oer grinzen hinne, ljochtet hope op, want sy libje nei de takomst. Dan kin der wol in glimke ôf.
Amen

16. Oargelspul

17. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

18. Sjonge
Liet 330: 1, 2 en 3

19. Seine

Lit ús dizze tsjin beslute mei de ferwachting
dat troch ús bern en bernsbern de takomst iepenleit.

Dat de Iene derby wêze sil as wy mei harren ûnderweis binne,
dat de leafde fan Jezus Kristus ús lokkich laitsje lit
en dat de Geast ús de ljochtsjende fierte sjen lit.
Amen

Image

admin

Liet fan thúskomst

Religy
PDF Print E-mail
By Jesaja 43, 1-7
Wize: Liet 330 út it Lieteboek foar de tsjerken

De Hear rôp op syn feint Jesaja:
‘Rop op nei hûs wa’t balling is,
lit klinke oan de ierde-ein ta
dat ivich bliuwt myn leafde wis.’
Lit ús dan brekke út ‘e bannen
fan soarch om lijen en gemis,
de oerstek dwaan troch toarre lannen
nei hûs dêr’t libben wetter is.

De Hear liet oan Jesaja witte:
‘Ik ha elk al by namme neamd,
gjin noed, Ik sil de djipte mjitte
fan ’t wetter dat sa skomjend streamt,
Ik sil jim troch rivieren fiere,
dat elk komt oan de oare kant,
it lân dêr’t jimme berntsjes tiere,
gjin macht dy’t dêr mear strikken spant.’

Jesaja hat fan tiden sprutsen
dêr’t hy de strekking al fan seach:
hoe’t kweade machten stikken brutsen,
út alle streken kaam in weach
fan soannen troch rivieren hinne
en dochters nei ’t beloofde lân,
dy’t mei elkoar de takomst binne
fan hiel de wrâld yn ien ferbân.

Image

Sjoch ek: Religy Nammetsjinst

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum