Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Coriolanus

Mytebylden

fan Gaspare Landi*

As grutsk en fûl aristokraat
seach er op plebejers del,
dy’t foar Rome neat betsjutten,
dat die inkeld de senaat,
Coriolanus hearde by de grutten.

It leger seach yn him in held,
want hy lei de fijân del,
wat foar Rome mear betsjutte
as plebejers yn de kjeld,
Coriolanus hearde by de grutten.

De kjeld gie oer yn hongersneed,
dat plebejers foelen del,
wat de striidheld net begrutte:
sljochte minsken by de fleet…
Coriolanus wie net mear in grutte.

De held rûn oer, de fijân wûn,
Rome kaam troch him yn ’t nau,
wat syn mem en frou begrutte;
syn gefoel waard troch har bûn…
Coriolanus hold it net op fuotten.

* Gaspare Landi (1756-1830)
Skilderij ‘Pleit om Rome net yn te nimmen’

admin

Claudia Quinta

Mytebylden

fan Lambert Lombard*

In frou fan lichte seden,
dêrmei gie se troch de wrâld,
it wie in dubieuze reputaasje,
Rome seach har derop oan,
wat joech har argewaasje.

Se hold fan Magna Mater,
’t byld fan Mem liet har net kâld,
dus helle sy it op as kompensaasje,
mei in skip op Rome oan,
mar kriich sy wier wol graasje?

Noch net, earst kaam de skipbrek
yn de Tiber op it strân,
foar har de kâns om ’t skip wer flot te krijen,
’t kaam op dûbel rêden oan:
twa froulju út it lijen.

Se rêde Magna Mater,
kriich mei har in hechte bân
en foar de wrâld in reine reputaasje.

* Lambert Lombard (sirka 1505-1566)
Skilderij ‘Claudia Quinta lûkt it skip flot’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum