Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Diomedes

Mytebylden

fan ûnbekend*

Diomedes, foarst fan Argos,
Troje hat dyn striidnocht sjoen,
gie úteinlik ûnder troch in list,
mei ’t hynder ha de Griken wûn.

As in wylde op it slachfjild
hasto om dy hinne slein;
foar de goaden wiesto ek in bist,
mei ’t swurd bist har yn ’t hier opflein.

Aphrodite en Apollo,
dy’t Aeneas holpen ha,
moedich Trojaansk strider, sa’tsto witst,
fleachsto as gekke Gryk op ta.

Do naamst Ares ek te pakken,
doarst sels tsjin de oarlochsgod
’t swurd te brûken, Zeus hat dat net mist
en brocht in kear yn harren lot.

Mei maat Odysseus hast rôve
’t byld Palladion fan hout,
de Trojanen ha Athena mist,
sy wie foar jim in byld yn goud.

Yn it hynder kaamst yn Troje
oan, jim Griken ha oerwûn;
net mei stiel, mar mei in houten list
ha jim de stêd de delklap jûn.

* Byld ‘Athena jout Diomedes rie
krekt foar de slach’

 

admin

Diogenes

Mytebylden

fan John William Waterhouse*
fan Lovis Corinth**

In foarbyld fan ienfâldich libben,
frij fan langstme en ferlet,
dat wie Diogenes,
hy hie gjin hûs, iet mar in bytsje,
troch it fel seach men syn ribben.

As wenning brûkte hy in tûne,
lytser koe it foar him net;
it wie Diogenes
te dwaan syn tinken sjen te litten:
strjitten binne foar de hûnen.

Hy koe gjin echte minsken fine
mei syn lampeljocht oerdei;
lykas Diogenes
it die, soe ’t folk him folgje moatte,
mar gjin minske woe him bine.

Foarst Alexander liet er rinne,
mar in stap op ljochtskyndei…
‘Foar jo, Diogenes,
it rynske oanbod wat te winskjen.’
‘Jo benimme my de sinne.’

In rûne tonne yn de sinne,
’t libben wie sa dûbel rûn,
Diogenes as hûn
woe ’t folk syn sljochte wiisheid leare,
bleau as tûnemaat allinne.

* John William Waterhouse (1849-1917)
Skilderij ‘Diogenes’

** Lovis Corinth (1858-1925)
Skilderij ‘Diogenes mei de lampe’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum