oktober 11, 2019
Endymion
fan Francesco Solimena*
In soan fan Zeus, Endymion,
seach klear de moanne skinen,
in knypeach fan Selene**,
yn de goadewrâld neamd Artemis,
sy soe him om de finger wine.
Wol fyftich dochters skonk sy him,
it wiene kreaze fammen,
knypeachjes fan Selene
út ’e oare wrâld, hy wie der wis
fan dat sy foar de goaden flammen.
Selene woe Endymion
net troch de dea ferlieze,
sy liet him ivich sliepe,
brocht de nachten by him troch, neat mis
mei sa foargoed foar him te kiezen.
* Francesco Solimena (1657-1747)
Skilderij ‘Selene (Artemis, Diana) en Endymion’
** Goadinne fan de moanne
oktober 4, 2019
fan ûnbekend*
fan Salvator Rosa**
Dokter, wize, ek profeet,
sa gie Empedokles
troch it libben en de dea…
in wûnderdokter yn de need.
Doe’t Pantheia, leave frou,
de lêste siken joech,
sloech benaudens har net dea,
in wûnder loek har út it nau.
Wiisheid joech him de natoer
mei wetter, fjoer en lucht,
ierde kaam der ek noch by,
dy eleminten naam er oer.
Nei de himel as in god,
sa woe Empedokles
nei it libben sûnder dea
te gean, de fjoerdea waard syn lot.
* Yllustraasje ‘Empedokles’
** Salvator Rosa (1615-1673)
Skilderij ‘De dea fan Empedokles’