oktober 25, 2019
fan William Frederic Bouguereau*
Wol soargje foar de goede oarder,
want dan giet it libben net ferlern
en sil it oan wolwêzen winne,
wat troch de goaden is te sjen,
sa net, pas op foar wraakgoadinnen.
De Erinyen yn de ierde,
berne út Ouranos’ manlik bloed,
sy dûkten op as wraakgoadinnen
en brochten elkenien yn noed
dy’t yn ’t bestean keas foar it minne.
Sy namen mei de glêde slangen,
kronkeljend de moardners achternei,
dy’t dêrtroch rekken bûten sinnen;
it rjocht keas foar in oare wei,
dy oarder liet gjin moardner rinne.
* William Frederic Bouguereau (1825-1905)
Skilderij ‘Orestes narre troch de wraakgoadinnen’
oktober 18, 2019
fan Isaac Walraven*
Epameinondas
yn Thebe adviseur en generaal,
ek musikus en dûnser,
heech wurdearre waarden syn talinten,
fan dea nei dea wie syn ferhaal.
Epameinondas:
fan adviseur nei heechste generaal
yn fûl gefjocht tsjin Sparta,
grut oerwinner troch de striid yn pearen:
twa maten mei deselde taal.
Epameinondas
werom yn Thebe, mar wol út ’e geunst,
gjin sege koe him rêde
fan de deastraf, dochs soe ’t needlot keare,
want heech wurdearre waard syn keunst.
Epameinondas
waard yn de twadde striid wer generaal
en op ’e nij tsjin Sparta,
wer oerwinner, mar wol swier ferwûne,
dat wie de ein fan syn ferhaal.
* Isaac Walraven (1686-1765)
Skilderij ‘De dea fan Epameinondas’