november 8, 2019
fan Jean Baptiste Marie Pierre*
Jawis, Zeus wie al wer fereale
op in kreaze faam fan fleis en bloed,
Europa hie dêrfan gjin weet…
hoe kriich de god har by de hân?
Hy moast feroarje, deale!
De transformaasje yn in bolle
makke dat god Zeus in cognito
nei ’t strân op frijershoeven gie;
hy stampte spoaren yn it sân,
mar koe gjin gatten dolle.
Europa wie mei har freondinnen
oan it boartsjen tusken eb en floed,
it wie har like lang as breed
dat dieren kamen op it strân,
in bolle moast dus kinne.
Se aaide ’t bist mei beide hannen,
klom sels op syn rêch en rôp noch ho
doe’t hy mei har de see yngie;
Europa kriich mei Zeus in bân
en skonk him trije soannen.
* Jean Baptiste Marie Pierre (1714-1789)
Skilderij ‘De ûntfiering fan Europa’
november 1, 2019
fan William Adolphe Bouguereau*
Soargjend foar in sterk ferlet
fan iten, drinken, sliepen, frijen,
fleach hy fan de iene nei de oar
mei pylk-en-bôge om te treffen,
dêr wie Eros ier en letter foar.
Aphrodite wie syn mem,
goadinne fan de frije leafde,
liet him witte wêr’t er hinne moast
om mei de pylken doel te treffen:
’t hert, dus mikte Eros op it boarst.
Pylken mei in gouden punt,
dy soargen foar in djipgeand frijen,
hie in pylk lykwols in punt fan lead
sa’t Daphne trof, sy soe beseffe
dat it rekke op ’e kop ferkeard.
Psyche trof in gouden punt
en koe it lok net op, de leafde
kaam fan Eros, dy’t sels troffen waard
troch Psyches skientme, mei har houlik
hiene beide by de leafde baat.
* William Adolphe Bouguereau (1825-1905)
Skilderij ‘Eros en Psyche’