december 20, 2019
fan Nicolas Poussin*
Gjin soan mear fan syn âlden,
troch adopsje fan Tiberius,
de keizer fan ’t Romeinske ryk,
foar ’t eigen folk as iis, in kâlde.
Germanicus hat tsjinne
as de fjildhear fan Tiberius;
foar syn soldaten wie er heit,
sa koed er harren herten winne.
Hy focht tsjin de Germanen,
foar syn keizer-heit yn Syrië,
hy bleau syn libbenlang him trou
fan noard nei súd: ferskate banen.
Germanicus moast lizze,
yn de frjemdte rekke hy op bêd,
foar syn soldaten wie ’t in fraach:
fergif foar heit… wa soe it sizze?
Syn frou foer mei de jiske
nei de keizerstêd, Tiberius
liet him net sjen as heit… de soan
syn dieden binne nea ferwiske.
* Nicolas Poussin (1594-1665)
Skilderij ‘De moard op Germanicus’
december 13, 2019
fan Tadolini Adamo*
Gjin kreazer knaap as Ganimedes,
soan fan Trojes stichter, Tros,
as hoeder fan de heit syn fee
kaam him syn hâlding goed fan pas.
God Zeus hold him ek yn de gaten,
kreazer knaap hie hy net sjoen,
hy woe mei him wol graach yn see,
wie net oan syn goadinnen bûn.
Hy rôp in earn nei de Olympus,
stjoerde mei in opdracht him
nei Ganimedes, hoedzjend fee,
in twirre holp him by de klim.
De jonge mocht de wyn ynskinke
foar god Zeus, dy’t op him dronk:
‘Myn feintsje, tsjoch, do bist grif ree
om hjir te bliuwen… yn de pronk.
Foar Zeus gie ’t net om inkeld praten,
want syn praat wie wol sa glêd
om mei de ynskinkknaap yn see,
úteinlik rekken se op bêd.
Zeus stjoerde Hermes mei twa merjes
by de berch del nei de heit,
dy’t siet te treurjen by it fee…
De skieding wie in skrinend feit.
* Tadolini Adamo (1789-1868)
Byld ‘Ganimedes en de earn’