Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Hektor

Mytebylden

fan Peter Paul Rubens*

Hektor, wiere held fan Troje,
soan fan kening Priamos,
focht moedich tsjin de Griken,
dêr’t Achilles held fan wie.

Earst koe hy it noch wol roaie
mei Apollo as de god
dy’t de Trojanen stipe,
dat de Gryk wist him gjin rie.

Mar Achilles kaam nei foaren,
sloech der razend wyld op los,
dat Hektor moast doe wike,
wat er net ferwachte hie.

Zeus hie woegen en besletten
oer held Hektors faaie lot,
Achilles hie al slipe
’t swurd, dus Griken ta de die!

Goaden hiene eigen wetten,
Zeus sloech ta, Apollo net,
held Hektor kriich gjin stipe,
waard ta lyk, dat net fergie.

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Achilles deadet Hektor’



admin

Hekate

Mytebylden

fan ûnbekend*

In frou as trije-ienheid,
sa stie sy yn in breed bestean
fan ûnderwrâld oant moanne;
as goadinne fan de hekserij
wie sy fûler as in earn.

Men seach har stean op wegen
mei trijesprongen: dy kant út,
fan ûnderwrâld oant moanne;
helpend stie sy wurge reizgers by,
mar brocht ûnheil ta beslút.

Nachts wiene hellehûnen
har blaffend selskip op ’e wei
by ’t ljocht fan nije moanne;
dan begûn sy mei har tsjoenderij,
fleach de reizgers achternei.

Byld ‘Hekate’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum