Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Horen

Mytebylden

fan ûnbekend*

It wiene trije susters,
fan god Zeus en Themis bern:
Oarder, Rjocht en Frede,
’t wie de Horen oan te sjen.

It jier hie trije sykly,
dus hie elke suster ien,
oarder moast der wêze:
tiden wiene net te lien.

Goadinnen fan it libben,
rjochtút fan begjin oant ein,
foar harsels gie ’t altyd
troch, har libben wie folslein.

Bewekkers fan de poarten
fan Olympos: oarder, rjocht,
ek foar it minskdom frede
ha de susters Horen brocht.

* Byld ‘Eunomia , goadinne fan de oarder’

admin

Hermaphroditos

Mytebylden


fan Bartholomeus Spranger*

Hy wie de soan fan Hermes,
Aphrodite wie syn mem,
mar beide lieten him allinne
op berch Ida, dêr’t hy grutbrocht waard
troch nimfen… dûbel  soe ’t ferrinne.

Al jong teach hy de wrâld yn,
harkjend nei syn eigen stim:
‘Do kinst fan nimfen neat mear leare,
folgje op ’en paad dyn eigen aard!’
Dochs woe ien nimf mei him ferkeare.

Salmakis wie fereale.
mar hy fielde neat foar har;
doe’t hy him wosk yn streamend wetter,
waarden beide ien mei dûbel aard:
hermaphroditos… wie dit better?

’t Wie better as in heale,
want wa’t dûbel is, hat kar
út man en frou, it kin frjemd rinne.

* Bartholomeus Spranger (1546-1611)
Skilderij ‘Hermaphroditos en Salmakis’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum