Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Iason

Mytebylden

fan John William Waterhouse*

Iason, keninklik syn bloed,
belibbe party aventoeren;
mei tsjoenderskeunst en moed
gie hy op wei nei ’t gouden flues.

Foar’t er rekke op ’e troan
moast hy it flues yn hannen krije,
hy kaam der net sa maklik oan,
in meunster fielde him dêr thús.

Iason , lang al op ’en paad,
kriich fan Madeira wûndersalve,
it meunster rekke fan de kaart,
sadat it flues foar ’t gripen lei.

’t Rûn mei Iason net goed ôf,
hy mocht Madeira net mear lije,
foar him wie Glauke doe de frou,
syn wei rûn dea, hy rekke wei.

* John William Waterhouse (1849-1917)
Skilderij ‘Iason en Madeira’




admin

Hypnos en Thanatos

Mytebylden

fan John William Waterhouse*

It wiene twalingbroers,
de soannen fan heit Nix, de Nacht,
dus wurken sy yn ’t tsjuster,
leine mei de sliep op koers.

De Sliep wie Hypnos’ saak,
hy joech him mei syn soannen del
by ’t streamen fan de Lethe
mei de dream as Morpheus’ taak.

Foar Thanatos de Dea,
de grutte broer fan ’t broerke Sliep,
sy wurkje yn it tsjuster
foar it folk mei plat de lea.

* John William Waterhouse (1849-1917)
Skilderij ‘Hypnos en Thanatos’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum