juni 26, 2020
fan ûnbekend*
Fan Apollo waard Kreousa swier,
sy woene fan elkoar neat witte,
dat it jonkje Ion wist ek net
wat hy eins oan syn âlden hie,
hy fielde him ferlitten.
Delphi seach yn him in timpelfeint;
sa tusken prysters en orakel
kriich hy útsicht op Atenes troan,
omdat hy kenings styfsoan wie,
foar Ion in merakel.
Mar Kreousa fielde har ferlern,
woe fan Atenes troan neat witte,
wol fan wraak op kenings frjemde soan,
har eigen, mar dat wist sy net,
dochs soe sy ’t moardzjen litte.
Ion rekke op Atenes troan,
as soan en styfsoan in spektakel.
Byld ‘Apollo’
juni 19, 2020
fan Gerbrand van den Eeckhout*
Io dreamde oer god Zeus,
dy’t har ferliede woe,
wat sy fertelde oan har heit,
dy’t harke nei ’t orakel:
‘Jou no mar ta, sa wurdt de dream in feit.’
Om’t syn frou ’t net witte mocht,
want Hera wie jaloersk,
feroare Zeus har yn in ko,
foar Io in merakel,
dêr’t Hera achterkaam: ‘Hoe ha ’k it no!’
Io’s dreamen wiene oer,
net ien waard ta in feit;
in hoarnbij gie har achternei,
foar har in frjemd spektakel:
fan ko wer faam, se naam har sjarme mei…
… nei Egypte, wol nei ’t sin
waard sy dêr keningin.
* Gerbrand van den Eeckhout (1621-1674)
Skilderij ‘Io as ko’