juli 10, 2020
fan Cornelis Corneliszoon van Haarlem*
Lit Ixion mar ivich draaie
op it rêd as straf foar moard
op skoanheit dy’t de breidsskat helle:
de groeven kûle like snoad,
sels foel er djipper, koe net swaaie…
… nei Zeus, dy’t earst ferjoech mar letter
poer waard, om’t er Hera tsjin
syn liif ha woe, hy moast doe draaie
mei slangen bûn fan foet nei kin,
foar goaden koe sa’n straf net better.
* Cornelis Corneliszoon van Haarlem (1562-1638)
Skilderij ‘De fal fan Ixion’
juli 3, 2020
fan Arnold Houbraken*
Lit Agamemnon mar fertelle
dat syn dochter Iphigeneia
op ’t alter om it libben kaam.
‘Wy wiene ûnderweis nei Troje
mei ús float, sa woene wy it ha,
mar ’t kaam ferkeard, wy leine stil.
’t Wie Artemis dy’t mei har grime
ús de twirren út ’e seilen hold,
sy naam ús finzen troch har wil.
Myn skuld, sa liet sy fjurrich witte,
dochter Iphigeneia har lot
wie op it alter as in laam.’
Hat Agamemnon Troje helle,
dochter Iphigeneia wie dea,
’t wie tsjin de heit syn Grykske wil.
* Arnold Houbraken (1660-1719)
Skilderij ‘It offer fan Iphigeneia’