juli 24, 2020
fan Titiaan*
Sisyphos, de kening fan Korinte,
seach himsels as heechste god,
dy’t dwaan mocht wêr’t er sin oan hie,
it minsk- en goadedom ferlige,
nei de dea woech swier syn lot.
Hy lavearre tusken dea en libben,
hold de goaden foar de gek,
sei dat hy net begroeven wie,
sadat hy wer it libben krige,
joech dêrmei de dea in stek.
Sisyphos kaam yn de hel troch Hermes,
mei in rotsblok gie it op
en del , wat hy foar ivich die;
it goadedom geniete tige
fan de kening sûnder krop.
*Titiaan (1487-1576)
Skilderij ‘Sisyphos’
juli 18, 2020
fan Francesco Zuccarelli*
Kadmos, keningssoan dy’t socht
Europa, troch god Zeus ûntfierd,
mar nearne wie syn sus te finen,
úteinlik hie hy skjin syn nocht.
Fan ’t orakel kriich de prins
de taak in ko te folgjen nei
in lân om dêr in stêd te stichtsjen,
dat Kadmos kaam oer mannich grins.
Offerje woe hy de ko,
in boarne soe it wetter jaan,
bewekke troch de draak fan Ares,
dy’t mei syn tosken knarste: ‘Ho!’
Krêftich sloech doe Kadmos ta
en rekke krekt de drakekop,
dat Ares liet him acht jier tsjinje,
de oarlochsgod woe ’t ek sa ha…
… dat syn dochter waard de frou
fan Kadmos, dat Harmonia
waard lokkich mei har man en Thebe,
de kowestêd, krekt nij fan bou.
* Francesco Zuccarelli (1702-1788)
Skilderij ‘Kadmos deadet de draak’