augustus 21, 2020
fan Moyses van Wtenbrouck*
Sjedêr hoe’t Kekrops út ’e grûn
fan Attika weikomt
en stichter wurdt fan âld Athene
mei de boarch Akropolis,
as foarst wurdt him de eare jûn.
Sjedêr komt Erichthonios
ek út ’e boaiem fuort,
in snútslach foar goadin Athena,
dy’t him opslút yn in koer,
har winsk: hy komt sa net mear los.
Sjedêr de trije dochters fan
foarst Kekrops mei as taak
de folle koer wach te bewekjen,
mar ynienen giet it mis:
se skrikke fan de slangeman.
De fal fan de Akropolis
is djip, it trijetal
komt nea wer boppe yn Athene.
* Moyses van Wtenbrouck (sirka 1595-sirka 1647)
Skilderij ‘De dochters fan Kekrops ûntdekke Erichthonios’
augustus 14, 2020
fan Evelyn De Morgan*
Kassandra, dochter fan de foarst
fan Troje, dy’t foarsei
it ûnheil dat de stêd oerkomme
soe, har libben stie ek faai.
Apollo joech har ’t sjennerseach
as sy har oan him joech,
sy hat al gau ’t ûnthjit ferbrutsen,
goaide ’t oer in oare boech.
De god wie poer, har profesy
kaam op it folk net oer,
har straf hat Troje falle litten
troch it hynder, ’t lot wie soer.
Kassandra kaam as oarlochsbút
oan Agamemnon ta,
dy twa soe ’t ûnheil ek oerkomme:
Hades woe har samar ha.
* Evelyn De Morgan (1855-1919)
Skilderij ‘Kassandra’