september 18, 2020
fan ûnbekend*
Hy hie de kriichsnocht fan syn heit,
dy’t wûn de slach by Maraton,
mar letter dochs it pleit ferlear
en yn de finzenis belâne…
Kimon hat syn lyk befrijd
en joech him mei dy slach de ear.
De soan hie nocht oan polityk,
mei Sparta sleat hy in ferbûn,
sadat Athene frede kriich
fan ’t sintrum nei de râne,
oeral waard wer folop boud…
sa wûn de stêd mei stien de kriich…
… dêr’t Kimon rynsk it jild foar joech
as pommerant mei kapitaal,
dat hy ek stiek yn blêd en blom,
foar’t folk de griene sône,
dêr’t hysels net komme mocht…
ferballe waard er, fuort syn rom.
* Byld ‘Kimon’
september 11, 2020
fan Herbert James Draper*
Ut ’e moarnsstjer waard er berne,
wie al wekker foar it sinneljocht,
sadat syn dei lang duorre,
mar wat hat it deiljocht Keyx brocht?
Dochter wie sy fan Aiolos,
god fan wyn út alle hoeken wei,
har longen waarden fuorre
troch god-heit syn azem, nacht en dei.
Keyx moast op reis en farre
dei en nacht, dat Alkyone hie
gjin kalme oere, dreamde
dat har leave man ferdronken wie.
Alkyone gie nei ’t strân ta,
fûn ta har ferbjustering syn lyk,
begûn doe lûd te kleien,
waard in fûgel mei dat lûd allyk.
Goaden rôpen Keyx wer ta
libben, net as man fan nacht nei dei,
iisfûgel mocht er wurde,
op syn flecht naam hy syn leafste mei.
* Herbert James Draper (1863-1920)
Skilderij ‘Alkyone’