oktober 2, 2020
fan Gerrit van Honthorst*
Kroisos, kening fan de Lydiërs,
baaide yn syn rykdom om,
tocht: dêrom kin ik elk oerwinne,
lokkich bin ik troch myn rom.
Solon kaam by Kroisos yn ’t paleis,
waard syn skatten dêr gewaar,
syn rykdom soe net winne kinne
fan it lok, joech soms gefaar,
wie Solons antwurd op ’e fraach fan Kroisos.
Tellos fan Athene wûn it lok
troch syn ienfâld, wie in held,
ferlear it libben op it slachfjild,
mar syn libben hat wol teld,
wie Solons antwurd op ’e fraach fan Kroisos.
Kroisos, kening fan de Lydiërs,
gie de striid oan, heech de kop,
ferlear de slach en ’t rike libben,
brânde oan de krún ta op.
* Gerrit van Honthorst (1590-1656)
Skilderij ‘Solon en Kroisos’
september 25, 2020
fan John William Waterhouse*
Sy koe tsjoene op har eilân
foar de westkust fan ’t Romeinske ryk,
liet Odysseus har keunsten sjen
fan bargen yn it slyk.
Odysseus kaam mei syn mannen
op har eilân oan, ’t gie foar de wyn,
in part kriich fan har tsjoendersdrank,
feroare doe yn swyn.
Hermes joech in krûd as tsjingif,
sadat Kirk gjin ynfloed op him hie,
de bargen kamen út ’e stank
as mannen fan de die.
Kirk liet Odysseus gewurde,
joech har skurte oan syn ynfloed oer,
dat berne waard in jonkje, bern
dat nei de kust ta foer.
Odysseus foer mei syn mannen
ta fertriet fan Kirk nei ’t eigen lân,
sy joech him rie oer ’t Deaderyk,
sa kaam er libben oan.
* John William Waterhouse (1849-1917)
Skilderij ‘Kirk biedt Odysseus de beker oan’