juli 2, 2021
fan Peter Paul Rubens*
De twaling strâne yn in koer
op ’e igge fan de Tiber,
dêr’t in wolf har drinken joech
en hoeder Faustulus har fûn,
syn frou de bern op hannen droech.
De tiid rûn troch en op ’en doer
woene sy gjin hoeder wurde,
mar de stichters fan in stêd
op ’t plak dêr’t Faustulus har fûn,
elk skôge fan syn eigen mêd…
… it teken fan de hearskippij
binnen Romes rûne muorren;
Remus narre Romulus,
dy deade doe syn twalingbroer,
foar Romulus waard min in plus.
Gjin deade bringt foar Rome nij
libben yn… Sabynske fammen
makken fan in min in plus;
mar ’t wie ek oer foar Remus’ broer…
in tongerwolk naam Romulus.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Remus en Romulus’
juni 25, 2021
fan ûnbekend*
De ferhâlding wie kompleks
tusken Rhodogoune en Demetrios:
sy wie as keningsdochter troud
mei him dy’t finzen sitten hie
fanwege oarloch mei har heit…
it gie om mear as seks.
Earder wie Demetrios
mei Kleopatra al troud, prinsesse fan
Egypte, dy’t út wraak de kant
keas fan syn fijân, bloedbroer fan
Demetrios, kompleks, mar feit…
wa waard op ’t lêst de klos?
Broer tsjin broer en frou tsjin frou,
’t gie om mear as seks: de eare fan de man
wie mei de wraak fan froulju troud;
Demetrios ferlear de striid
en die himsels tekoart, as breid
hat Rhodogoune roud.
* Yllustraasje ‘Rhodogoune’