december 16, 2020
fan Vincent van Gogh*
Bliuw net mei lege hannen stean,
mar wurkje foar it deistich brea
en lit dat op it wetter streame,
want do fynst it wol werom…
wa’t doart, hat winst en selden skea.
In folle wolk jit oer it gea
it wetter foar in fruchtber jier,
sadat it folk ek yn beweging
komt, mar falle beammen om,
dan lizze dy, ’t is stjerrend wier.
Gjinien wit hoe’t de libbensgeast
komt yn de skurte fan de frou
en likemin hoe’t Gods geast alles
makket… as de geast seit ‘kom’,
dochsto dyn wurk hjoed op ’e bou.
Strui yn de iere moarn it sied
en wurkje troch oant yn de jûn,
want op dy wize silsto rispje;
wyn en wolk, jou dêr net om,
do bist net oan dy beide bûn.
Wês mei it libben altyd bliid,
al is it net geduerich ljocht,
do wurdst ek troffen troch it tsjuster,
dat lang duorje kin, dan komt
de neatichheid en hast dyn nocht.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘De siedder’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024