Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wiis rjocht

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Nicolas Poussin*

Twa huorren wiene fan de wize
om dea en libben fan in bern,
want beide fielden har de mem,
de kwestje wie betize.

Se kamen foar de kening-rjochter,
de iene yn de earm de dea,
de oar it libben, sy wie klear,
beseach de kwestje nochter.

De mem mei ’t kâlde bern koe wize
op ’t ruiljen yn de neare nacht,
sy sliepte, sloech op ’t bern gjin acht,
it libben wie betize.

De mem mei ’t waarme bern ûntkende
by heech en leech, sy wie gjin hoer
dy’t ruile bern, soks wie har oer,
sy hie gjin deade berne.

Doe kaam oan ’t wurd de kening-rjochter:
‘It swurd dielt wat noch libben is,
elk is dan foar de helte wis.’
’t Ferfolch komt daliks, tocht er.

De mem fan libben koe wol grize,
de oare mem keas foar de dea,
doe wie it foar de kening klear,
hy die it op syn wize.

Image

* Nicolas Poussin (1594-1665)
Skilderij ‘It oardiel fan Salomo’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum