december 2, 2017
fan Johann Michael Ferdinand Heinrich Hofmann*
Wat is der mis mei my?
Jawis,ik bin wol ryk,
mar is dat no in skande?
Nee, mei jild bin ik net rij,
ik ha myn libben lang al sparre,
jou neat út oan allerhande.
Dochs miste ik it sicht
op ’t libben nei de dea,
dus ha ik Jezus frege,
reizgjend preker, man fan plicht
en sicht, dus lit de lju mar rabje…
mei syn rie wie ik ferlegen.
Jawis, ik die myn plicht,
mar dat wie net genôch,
ik moast myn jild ferparte
oan de earmen, dat joech sicht
op wat der nei dit libben barre
soe… wat koe, soe dat ek moatte?
Ik mis dan myn besit,
moat Jezus achternei,
dat lêste is gjin skande,
mar wat ik dan achterlit,
ha ik dêr libbenslang foar sparre?
’k Bin net ien foar yn de mande.
* Johann Michael Ferdinand/ Heinrich Hofmann (1824-1911)
Skilderij ‘Jezus en de rike jongeman’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024