Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Utroege liuwenêst

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Ik, Nahum, wol noch sprekke
oer jim stêd** as liuwenêst
fol mei wat liuwen rôven,
want dat bestean foldocht jim bêst,
hoe kin it oars mei grutte bekken.

Hy, kening fan de Meden,
ropt syn troepen byinoar,
dy’t klimme op jim muorre;
it wurdt de bloedstêd fierste bar,
want oarloch komt yn plak fan frede.

Do, Juda, meist no fiere
feest, de fijân giet net yn
en út; sjedêr ferstruiden,
sy gean deryn en drinke wyn
mei dy, de Heare is de wiere.

* Ikoan ‘Profeet Nahum’

** Ninevé

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum