Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ut it deaderyk

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Salvator Rosa*

Saul hie foar ’t earst wer goede moed,
omdat syn wet wie nei Gods Wurd
nei sjenner Samuël syn dea:
wêr’t de ferstoarnen binne, is it goed,
dus alle deaderoppers fuort!

Doe’t fijâns rop klonk withoefier,
sloech kening Saul de skrik om ’t hert:
der kaam gjin antwurd op syn bea;
wol op ‘e fraach fan wat is stjerrend wier,
dat hy fergeat syn eigen wet.

Image

Saul harke nei de frou har rop:
‘Kom út ‘e dea wei, Samuël!’
Ynienen stie hy dêr;
de kening seach bang by de sjenner op,
’t ferlies kaam flymjend op him del.

Neidat dit boadskip klonken hie,
wie Saul syn moed folslein ferflein;
doe stie de frou der wer:
‘Kom mei in miel op krêft, dat is myn rie!’
De kening iet, mar wie ferslein.

* Salvator Rosa (1615-1673)
Skilderij ‘Saul en de spiritiste fan Endor’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum