fan ûnbekend*
Lit my myn eigen lot fertelle
no’t ik balling bin yn Ninevé,
in stêd fan keninklike graasje,
oars as Tisbe, dat fertroude stee…
wy dronken út deselde welle.
Mei Anna gean ik troch it libben
en mei Tobias, ús iennichst soan,
in libben yn in frjemde naasje,
dêr’t de oarders komme fan de troan…
ik ha altyd it rjocht neistribbe.
It ûnrjocht makke faakris liken
fan de Joaden, net om oan te sjen,
dy’t ik begroef yn ’t neare tsjuster;
myn besit gie troch dat wurk ferlern,
mar wêrom soe ‘k foar ûnrjocht wike?
De omkear kaam nei fyftich dagen
mei de moard op kening Sanherib,
syn libben wie foargoed fan juster,
mar foar hjoed kriich ik in fêste grip
en koe it joadske lot wer drage.
* Ikoan ‘Tobit’ |