fan Jan Steen*
Lit elkenien ’t ferfolch mar witte,
hoe’t it fiere lân derhinne lei,
dat Sara harren dêr begroete:
‘Kom, ik nim jim nei myn âlden mei,
ús heit sil beide wolkom hjitte.’
Heit Ragûel liet daliks witte
dat er Tobias wol sitten seach,
it oansjen wiisde op famylje;
’t praat kaam ek op Tobits bline pleach,
se ha wat triennen rinne litten.
De ingel Rafael ferhelle
dat der praat west hie oer man en frou:
’t ferbûn fan Tobias en Sara
brocht de brêgeman net yn it nau,
it kwea koe mar oan sân ta telle.
Heit Ragûel seach dat wol sitten,
joech syn iennichst dochter no as breid
oan Tobias, hy wie de achtste,
wol bysûnder, net gewoan in feit,
in trouferbûn kin men net mjitte.
* Jan Steen (1625/1626-1679)
Skilderij ‘It houlik fan Tobias en Sara’ |