fan Rembrandt*
Hy sit wer op ‘e troan
mei mar ien each de romte yn,
it oare sjocht de geast noch oan,
de kweade makket blyn.
Al yn de iere moarn
gie Saul as razende tekear,
elk hie it foar dy geast bedoarn,
mar David kriich de ear.
De snaren sjonge sêft,
mar foar de kening docht it sear,
wer spilet op de kweade krêft,
de spear stiet foar him klear.
It wapen sûzet fuort,
krekt by it snaresjongen lâns,
it heart lykas wurdt hy bespot,
as wraak in twadde kâns.
Mar kenings geast mist wer
en wurdt foar ’t snaresjongen bang,
dat Davids geast moat fuort, in stjer
as militêre rang.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Saul en David’
|