fan Hans Memling*
Al wer bysûnder, op ‘e nij
kriich Daniël in fisioen:
in man, in prachtige ferskining
út ‘e himel sakjend nei de grûn,
foar him in bange ûnderfining.
Allinnich Daniël seach oan
hoe skinend oft de ingel wie
en hie neat mear om by te setten,
mei syn wurden wist er him gjin rie,
it klonk hiel oars as kenings wetten.
Syn wurden rekken him yn ’t hert:
‘Ha frede en krij nije moed!’
Doe hat er ek syn lippen rekke,
sa dat Daniël kaam út ‘e noed
en koe foar ’t earst wat wurden sprekke:
‘Sprek mar, myn hear, jo makken sterk
wa’t swak wie, is de wrâld yn tel?’
‘De grutte machten sille brekke
yn de striid mei ingel Michael,
wat letter komt, silst noch ûntdekke.’
* Hans Memling (sirka 1430/1440-1494)
Skilderij ‘Aartsingel Michael’
|