Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stream fan boppen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gillis van Coninxloo*

Image

Dêr sit er oan de blauwe stream,
Hoséa, Israels profeet,
en lit syn tinzen oer it lânskip gean;
wat komme sil, is noch gjin weet,
it hat mear fan in dream.

Wat west hat, wie gjin tinken oan,
it wie foar Israel in byld:
syn eigen frou, as hoer liet sy har gean,
lykas it folk, al like wyld,
foar God wie it bedoarn.

De âldste soan: God sieddet ûnheil.
De dochter: Gjin begrutsjen.
De jongste: Net myn folk.

Mar sjoch, it streamt fan boppen ôf,
it lânskip tilt fan wille op,
de fûgels sweve op ‘e waarme wyn
en út ‘e fierte klinkt de rop:
‘De hoer wurdt wer ta frou.’

Myn âldste ropt: ‘God sieddet heil.’
De dochter fynt begrutsjen.
De jongste soan heart ta syn folk.

* Gilles van Coninxloo (1544-1607)
Skilderij ‘Hoséa, profeet yn in lânskip’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum