juli 10, 2024
fan ûnbekend*
Daniël
Sadrak, Mesjak, Abednego,
trije tsjinners fan de foarst,
dy’t as Judeeërs yn God leauden,
foelen net foar ’t gouden byld,
wat út Babelsk eachpunt moast.
Doe fertsjusteren de eagen
fan de kening en syn lûd
kaam oer as tonger nei in hjitte
rite, mar it leauwe joech
út Judeeërs eachpunt moed.
Sân kear hjitter as gewoanwei
lôge yn de oven ’t fjoer
foar Sadrak, Mesjak, Abednego
dy’t, bebûn yn eigen klean,
joegen har oan Gods help oer.
* Yllustraasje ‘Wegering fan
Sadrak, Mesjak en Abednego’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024