Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skrift en fjoer

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

It wie in tiid fan skrift en fjoer,
fan lêze en ferbrâne,
want it wie de Iene oer,
it folk rûn op ‘e râne.

Image

Jeremia kriich de wurden troch,
dy’t Barûch sette op ‘e rolle,
beide wisten, dit wie net omdoch,
it folk rûn foar it fallen.

Yn de timpel lies de skriuwer foar;
de hurde wurden fan de Iene
fûnen by in klikker ek gehoar,
sadat se fierder giene.

Keninklike hearen waarden kjel
fan al dy wurden fan de Iene,
leine net har hege funksje del,
sadat se fierder giene.

Kening Jojakim waard hjit en poer
doe’t hy it fjurrich skrift oanhearde,
’t wie him fuortendaliks oer,
hy soe der wol mei rêde.

Image

It wie in tiid fan skrift en fjoer,
fan lêze en ferbrâne,
want it wie de Iene oer,
de foarst foel oer de râne.

* Yllustraasje ‘Jeremia en Barûch’
Yllustraasje ‘Kening Jojakim ferbrânt de boekrolle’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum