fan Francesco Granacci*
detail
Dêr giet er dan om oer te stekken
fan it tsjinsthûs nei de traaljekoai,
al wer troch oaren yn de grip,
fan broers en no fan frjemd de proai,
mar syn moraal is net te brekken.
De frou seach inkeld noch syn nekke,
mei gjin finger taaste hy har oan,
lykwols hie sy him yn de grip
mei steile wurden, hege toan,
mar syn moreel koe sy net brekke.
Dêr stiet er tusken syn soldaten,
Potifar, syn baas, de man fan macht,
mar ûnder ynfloed fan har grip,
gjin weet fan hoe’t sy him ferslacht
mei frjemdgean en it falske praten.
Wylst Joazef giet, stiet op in pylder
sûnder kleed Egyptes hege god
yn ’t sicht fan Potifar syn frou,
hy spot om Joazefs slavelot,
mar syn gewisse stimt him mylder.
detail
* Francesco Granacci (1469-1543)
Skilderij ‘Joazef wurdt nei de finzenis brocht’
|