Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skieding

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Kin in pylk noch fierder lizze
as dy’t Jonatan doe sketten hat?
Wat fier is, jout de skieding oan,
sa is it tusken maten bard:
de pylk moast skerp de wierheid sizze.

Koe de skoansoan langer bliuwe
yn it lân fan kenings skerpe haat?
De spear joech mannich kear de toan,
mar David bleau yn skoanheits skaad,
syn harp moast Sauls kweageast ferdriuwe.

Soe de soan syn heit beprate
om de skoansoan rjocht wer oan te sjen?
It spatte lykwols fan de troan,
de lêste hope gie ferlern
yn ’t fjoer fan kenings skerpe hate.

Kin in pylk noch fierder lizze?
Neffens ôfspraak fier oer Davids lea,
wat joech de freoneskieding oan;
it fielde as de skerpe dea,
se gûlden, koene neat mear sizze.

Image

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘David en Jonatan’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum