fan Maarten van Heemskerck*
Boer Nabot hie in druvehôf,
in erfenis fan heit op heit,
foar him it hôf fan Eden,
it byld spriek mear oan as it feit,
yn ien wurd tof.
Mar Achab, kening-buorman, liet
syn eagen oer de druven gean
en seach in hôf mei krûden;
hy hat boer Nabot sinten bean,
’t wie tsjin de tried.
De heitekoarde troch de tiid
sloech Achab út syn krûdefjild,
mar net de keninginne;
wa hie it oer in knoarre jild…
it gie om striid.
Izébel smeide in komplot
en brocht boer Nabot foar ’t gerjocht
fanwege dûbel laster;
twa tsjûgen liigden ûnfertocht…
wa tocht oan God?
Dat Achab kriich syn krûdehôf
nei ’t oardiel fan de stiennedea,
útsprutsen oer boer Nabot;
wa mealde om syn deade lea…
dy waarden stof.
* Maarten van Heemskerck (1498-1574)
Ets ‘Nabot stiennige’ |