juli 26, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
As profeet kriich ik in fisioen:
in man mei ûnder fjoer en boppe glâns
begûn my oan it hier te lûken,
dêrnei brocht de wyn my nei Jeruzalem
en sjoch, dêr wie de hearlikheid fan God:
‘Minskesoan, no sjochst wat Ik hjir fûn,
in byld dat glânzet fan ôfgoaderij,
do sjochst ek wat sy bûgend dogge
by de Alterpoarte fan Jeruzalem,
do silst noch mear fan dy praktiken sjen.
Minskesoan, de timpel lit dy sjen
ôfbyldings fan rûnom ôfgoaderij,
sjoch nei de bisten dy’t dêr krûpe,
nei de âldsten, yn de hân in wijreekfet,
sy freegje harren ôf: wêr is no God?
Minskesoan, do fregest hoe’t it kin
dat fiifentweintich manlju mei de rêch
stean nei it hillichdom en bûge
foar de sinne: ’t is folslein ôfgoaderij,
sy ha neat mei de hearlikheid fan God.’
* Foto ‘De sinne as ôfgod’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024