Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nij Jeruzalem

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Doe hearde ik in ingelstim:
‘Ik wiis dy oan de breid fan ’t Laam,
kom mei de hege berch op,
sjedêr de stêd Jeruzalem.’

De stêd kaam út ’e himel wei,
toaid mei de gloarje fan de Hear,
de glâns lykas fan jaspis,
mear strieljend as op ljochtskyndei.

In hege muorre om de stêd
mei tolve poarten om deryn,
de nammen fan de stammen
dêrop skreaun, elk op ’t eigen mêd.

De tolve stiennen yn de grûn
as dragers fan de muorre, as
it byld fan de apostels,
sa is de stêd it boadskip jûn.

De gouden mjitstôk kaam te pas
foar ’t mjitten fan de hiele stêd,
in mearfâld fan tal tolve,
gjin stien kaam fan de oaren los.

Der stie gjin timpel yn de stêd,
omdat de Hear de timpel wie,
hy ljochtet mei syn gloarje
de folken by, licht is har trêd…

… om skatten yn te dragen.

* Yllustraasje ‘It nije Jeruzalem’
 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum