april 19, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
Gean net nei Egypte ta,
dat hie it wurd west fan de Heare,
want dan komme jimme grif yn ’t nau,
dat wurd hie Jeremia oerbrocht,
mar koe dat it folk wol keare?
Jochanan woe ’t sa net ha,
dat Jeremia soe it lige,
Babelsk kening brocht it folk yn ’t nau:
fermoardzje of nei Babel bringe,
dus foldie Egypte tige.
Wat it folk woe, barde sa:
it wie op reis in lange staasje,
nimmen rekke ûnderweis yn ’t nau,
mar Jeremia waard wol twongen
om te reizgjen mei de naasje.
* Yllustraasje ‘Juda op reis nei Egypte’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024