Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nei de moard

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Cornelis Jetses*

Gjin prakkesaasjes oan de kop,
de kening stapte dus tefreden,
’t boarst foarút en heech it krop,
as wied er yn it hôf fan Eden.

Elia harke nei de rop
dy’t spriek fan ûnrjocht, skeinde frede:
‘Sprek tsjin kening Achab op
oer moarderij yn ’t hôf fan Eden.’

Image

De kop fan Achab kleure read
doe’t hy syn fijân seach, de tinzen
kamen wer: profeet fan neat,
in foarst hie rjocht op eigen grinzen.

Mar hûnen wisten fan gjin grins,
sy hiene Nabots bloed opslikke,
’t wie itselde: boer of prins,
se koene ek in foarst berikke.

By Achab kearde grutskens om
nei rou, in sek kaam om him hinne,
bûgde holle, rêch wat krom,
sa koe de kening ek wol rinne.

* Cornelis Jetses (1873-1955)
Yllustraasje ‘Elia set Achab teplak’

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum