Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mem út Tyrus

Bibelbylden

fan ûnbekend*



In mem giet foar har bern troch ’t fjoer,
by wize dan fan sprekken,
ik ha alles foar myn dochter oer,
yn wa’t de duvel it te sizzen hie,
se stie bekend as gekke.

Ik bin wol net fan joadsk komôf,
mar wist, in Joad wie kommen
dy’t wat die foar minsken yn it nau,
dus gie ik nei him ta foar rie en die,
dat ik waard sjoen as stomme.

De Joad spriek earst ek yn in byld:
‘Lit bern de bôle krije,
want dy wurdt net mei de hûntsjes dield.’
It iene byld rôp doe it oare op,
mar koe myn sprekken lije?

Ik ha it dochs nei foaren brocht:
‘In hûntsje krijt de krommels.’
Syn reaksje wie net om ’e nocht:
de duvel fuort, myn dochter libbe op…
de mem as in gek frommes?

* Foto ‘Tyrus op ’e rots’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum