Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mem fan sân martlers

Bibelbylden

fan Gustave Doré*

makkabeeer-5

Sân bruorren waarden finzen nommen,
want gjinien fan har iet bargefleis,
sa holden sy har oan Gods wet,
de jongste woe sels kenings geunsten net,
dus is hy ek om ’t libben kommen.

De mem moast oansjen it skalpearjen,
dat by elk de tonge ôfsnien waard,
gjin hân en foet bleau oan de lea,
se rekken yn it gleone wetter dea,
de kening liet har sa tamtearje.

De mem hat wize wurden sprutsen,
want: ‘Iksels ha net jim skepper west,
in mem kin bern gjin azem jaan,
God sil ek nei de dea it goede dwaan,
gjin soan fan my is bliuwend brutsen.’

De jongste soan koe sprekken lije,
spriek him tsjin de kening húnjend út,
woe út noch yn syn geunsten net,
hold heech de rie fan mem en ek Gods wet,
dy soe him der trochhinne krije.

De mem seach troch it lijen hinne
dat har soannen joegen moedich oan:
in suver moed koe fan de machten winne.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘De mem fan de Makkabeeërs’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum