Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Listen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

It smiet neat op, Sauls smiten
mei de spear, wylst David die syn bêst
mei harp en swurd;
troch listen moast er ôf fan ’t lêst:
as skoansoan soe hy by him ite.

Syn dochter wie fereale
op dy muzikant, dus Mikal koe
mei tút en swurd
him pakke by it hert, dan soe
de heit him dêrmei rêde, deale!

Gjin breidskat, mar wol hûden
fan de Filistinen foar it liif,
elk wol bekend,
gjin heidenfint mear by it wiif
en David mei in hûdfol groeden.

Mar David, sûnder wûnen,
snie mei ’t swurd twahûndert kear in hûd
fan fijâns liif;
doe roek Sauls spear wer Davids bloed,
de skoansoan wist wat listen koene.

By Mikal hat er sliepen,
mar net lang, syn libben rûn gefaar
troch list en spear;
in lekken, spand as wie ’t in snaar,
holp him derút, syn wrâld lei iepen.

Image

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘David flechtet’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum