Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Libbenskiste

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Cosimo Rosselli*
fan Guiard des Moulins**

Image

De Iene en de lieder wiene poer
op ’t folk dat om de ôfgod rûn,
mar dochs gie Mozes yn de pleit
oant wolk en grime dreauwen oer,
de oanset foar in nij ferbûn.

In libbenskiste fan it hurdste hout
as teken dat de Iene rûn
mei op nei ’t lân fan âlde heit,
dat Abraham waard tafertroud,
sa is it Godsfolk takomst jûn.

De kiste kamen libbenswurden yn,
de nije platen fan ’t ferbûn:
‘Ik bin de Iene dy’t dit seit,
wit dat Ik doe en no ferbyn.’
Sa hat it folk de wei wer fûn.

Image

* Cosimo Rosselli (1439-1507)
Skilderij ‘It oanbidden  fan it gouden keal’

** Guiard des Moulins (13e ieu)
Yllustraasje yn de Bible Historiale

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum