fan Caravaggio*
Fiif stiennen kamen út ‘e stream
fan leauwen dat it mooglik is,
hoe faak hie David al in dream
fan syn ferwachtings, wrachtich wis.
Fiif boeken ha it him ferteld
dat Mozes leaude yn it lân
dêr’t elk syn goede jeften telt
op grûn fan in besield ferbân.
Ien stientsje út syn hoederstas,
it leauwen dat it mooglik is,
lit David út ‘e slinger los,
it sûzet fuort, syn doel is wis.
Ferwachtings wurde wrachtich wier,
de krekte rjochting is gjin gok,
al is de ôfstân noch sa fier,
it leauwen wint it fan de flok.
Ien slach, de siken streame fuort,
de kop is skieden fan de lea
troch David ta syn fijâns spot,
’t jûchhei klinkt oer it hiele gea.
* Caravaggio (1571-1610)
Skilderij ‘David mei de holle fan Goliat’ |