fan Gustave Doré*
Doe’t it yn it easten dage,
foelen strielen op ‘e kop
fan Holofernes oan de muorre;
de manlju namen harren wapens op
en koene ’t kriichsplan maklik drage.
Wachten skuorden grutte eagen,
’t gie troch ’t kamp as diggelfjoer
dat slaven fregen om te stjerren;
har liken wiene foar de fûgels foer,
de stêd waard fan de ierde reage.
Holofernes lei te sliepen,
tocht Bogoäs, mei dy frou,
dus rûn de eunuch nei de tinte;
it lichem sûnder holle kaam him rau
op ’t liif, de mûle foel him iepen.
Oeral klonken bange gjalpen,
’t leger flechte yn panyk,
benaud dat slaven deadzje soene;
hiel Israel waard fan de kriichsbút ryk,
de Iene hie troch Judit holpen.
* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Judit lit de holle fan Holofernes sjen’
|