Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Judit yn de pronk

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Wie der kreazer frou as Judit
yn de pronkklean en mei sier
fan hollekrún oant fuotten?
Mei de tsjinstfaam gie sy op ‘en paad
nei Holofernes, spand wie elke spier,
mei him foel net te spotten.

’t Wie net fier, ’t gie by de berch del,
mar ynienen wie it ho,
dêr stie in foarpost, de soldaten
fregen wat sy diene op ‘en paad,
doe spile Judit dêr foar fredesdo,
sy rêde it mei praten,

Judit makke djippe yndruk
mei de pronk en kreaze lea,
sy moast har by de stêf sjen litte,
daliks waard sy nei de tinte laat
fan Holofernes, dy’t noch lei foar dea,
dochs woed er ’t nijs wol witte.

Wie der kreazer frou as Judit,
dy’t foar Holofernes stie,
net spand mear, stevich op ‘e fuotten,
’t moedich wêzen lei ek yn har aard,
sy fielde oan hoe’t hjir de tastân wie,
mei har foel net te spotten.

Image

* Yllustraasje ‘Judit falt del foar Holofernes’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum