Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Judit werom

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

It wie noch middenyn de nacht
doe’t Judit by har wenplak kaam
en lûd rôp: ‘Doch de poarte iepen!’
De kop fan Holofernes hie de faam…
de stêd lei djip te sliepen.

It wie ynienen swart fan ’t folk
mei fakkels, Judit stie mei rjocht
te roppen: ‘Loovje, God de Heare!’
De kop fan Holofernes kaam foar ’t ljocht…
wa koe de freugde keare?

Image

It folk bleau wekker yn de nacht,
de wurden galmen troch de stêd:
‘Oan God de ear, de Alderheechste
en oan de frou dy’t sloech him op syn bêd
en rêde út it dreechste!’

It wie noch yn de lette nacht
doe’t Judit oer in kriichsplan tocht
om ’t grutte leger bang te meitsjen:
in slimme skynoanfal by ’t earste ljocht
soe harren fijân reitsje.

* Skilderij ‘Judit mei de holle fan Holofernes’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum