Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Judit slacht ta

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Caravaggio

It feest wie oer, de bekers siet
gjin drip mear yn, de drank wie
yn de man, ien song in liet
oer Judit by de generaal
dy’t neat mear oan dat frommes hie,
mei wyn deryn net iens in haal.

Wylst Holofernes dêr sa lei,
foaroer en slop, de drank socht
yn de kop syn eigen wei,
gjin tinken oan in nachtferhaal,
socht Judit yn har geast nei ljocht
op ’t lêste fan de generaal:

O, Heare God,
Jo hawwe alle macht,
sjoch no yn goedens op my del,
hoe’t ik yn dizze nacht
jo erfskip feilich stel,
lit slagje dan myn plan,
o, Heare God fan Israel,
de dea oan dizze man.

Se naam it swurd en sloech twa kear
fûl op ‘e nekke, ’t bloed rûn
by it bêd del, sûnder ear
stoar sa de stoere generaal…
de striid waard troch ien frommes wûn,
it wie foar ’t lân in hiele haal.

Image

* Caravaggio (1571-1610)
Skilderij ‘Judit en Holofernes’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum