Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jezus by nacht en dei

Bibelbylden

fan ûnbekend*



It folk en ik, it waard tefolle,
want allinnich rêdt in minske ’t net,
it hat my oan it tinken set,
dochs is men mear as inkeld holle.

Dus gie ’k de berch op, nei de hichte,
dêr wie ik allinnich mei myn Heit,
sa fiel ik dat, wat alles seit
oer ús ferbining mei de lichte.

De hiele nacht ha ik dêr bidden,
frege om syn bystân, wize rie,
omdat iksels allinnich stie,
men siket om de krekte midden.

De moarntiid brocht de earste strielen,
teken fan myn Heit, it kaam wol klear,
ik fielde ’t as in ommekear:
de berch bydel om mei te dielen.

Ik brocht de tolve op ’e hichte
fan har taak: apostels fan it nijs:
it frederyk is ûnderweis…
de minsken wachtsje yn de lichte.

* Yllustraasje ‘Jezus bidt’

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum